Hûndertjierrige Oarloch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link GA template (handled by wikidata)
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 7:
Nei it útstjerren fan de haadline fan it Frânske keningshûs [[Kapet]] (1328) makke de Ingelske kening [[Eduard III (fan Ingelân)|Eduard III]], dy't troch syn mem in pakesizzer fan kening [[Filips IV de Skjinne]] wie, oanspraak op de Frânske troan. Yn [[1337]] fernijde hy syn oanspraak út frees foar Frânske yntervinsje yn Flaanderen en Skotlân. De Frânske kening, [[Filips VI fan Valois]], út de sydline fan de Kapets, besette doe it hartochdom Guyenne, it ienige oerbleaune besit fan de Ingelske kening op it fêstelân. Dat barren wie de direkte oanlieding foar de kriich. Eduard rôp himsels ta kening fan Frankryk út yn [[1340]] (in titel dy't troch de Ingelske keningen oant 1801 brûkt wurde soe).
 
De "oarloch" dy't út in rige fan konflikten bestie wurdt meastentiids opdieleopdield yn trije of fjouwer parten: de Oarloch fan Eduard (1337-1360), de Oarloch fan Karel (1369-1389), de Oarloch fan Lancaster (1415-1429) en it trage ferfal fan de Plantagenets harren geloklok neidat [[Jeanne d'Arc]] op it toaniel ferskynde (1412-1431).
 
== Betsjutting ==
Ferskate oare eigentiidske Jeropeeske konflikten hawwe streekrjocht betrekking op it konflikt: de Bretonske Suksesjeoarloch, Kastiljaanske Boargeroarloch, de Oarloch fan de Twa Peters en de Krisis fan 1383-1385. De term "Hûndertjierrige Oarloch" is in letter optinksel fan histoarisy, betocht om de rige fan foarfallen beskriuwe te kinnen.
 
De oarloch hat syn histoaryske betsjutting oan tal fan faktoaren te tankjen. Ek al wie it konflikt yn oanlis in dynastyk konflikt, de kriich hat de oanset jûn ta de ideeën fan sawol it Frânske as Ingelske [[nasjonalisme]]. Op militêr flak soarge it foar ynfiering fan nije wapens en kriichstaktiken, dy't de âldere [[feodalisme|feodale]] legers troch swiere [[kavalery]] dominearre yn West-Jeropa ûndermynje soe. De earste [[beropsleger]]s yn West-Jeropa sûnt de Romeinske tiid waarden foarme foar it fieren fan oarloch. Troch dat alles, mar ek fanwege harsyn lange doer, wurdt de hûndertjierrige oarloch faaksfaak sjoen as ien fan de wichtichste konflikten yn de skiednis fan [[Midsiuwske oarlochsfiering]].
 
[[Kategory:Hûndertjierrige Oarloch| ]]