Sjintoïsme: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 9:
Sjinto hat in grutte leafde foar en earbied foar de natuer. In wetterfal, de [[moanne (himellichem)|moanne]] of in aparte stien kinne foar in Kami hâlden wurde. Itselde jildt foar in garismatysk persoan en foar mear abstrakte ferskynsels lykas groei en fruchtberheid. Yn de jierren namen de natoeregodstsjinstige aspekten fan Sjinto ôf. Se krigen stees mear Antromorfyske (minskfoarmige) foarmen. De Kami binne gjin transedinte goaden yn de westerske sin. Dochs bewenje de goaden wol deselde wrâld as dat wy dogge.
 
Kami wurde benammen fereare yn iepenbiere hillichdommen, mar ek wol yn lytse privee hillichdommen. Guon fan dizze hillichdommen (jinja) binne grutte gebouwen, mar de measte binne lyts. Yn fergeliking mei bygelyks de [[Katedraal|katedralen]] út it [[kristendom]] mei djoere materialen binne de Jinja faaksfaak mar hiel ienfâldich. It giet dan ek net om it gebou mar om it geastlike. Jinja’s binne faak bout op ferhegingen en guon binne dan ek moeilik te berikken. Meastal wurdt de tagong ta it terein markeard mei [[torii- poarte]], dy’t bestiet út twa peallen mei dêrop twa dwersbalken. It gehiel is faaksfaak yn fermiljoen skildere. Der binne hjoed de dei mear as 100.000 fan dizze hillichdommen yn gebrûk, allegear bemanne mei in Sjinto prysters.
 
Kami wurde faak belutsen by belangrike foarfallen lykas in houlik, talitting ta de universiteit, it delsetten fan gebouwen en mear. Ek wurdt der faak bidden om ierdse saken, lykas in bern, in promoasje of gelokkiger libben. Tidens begraffenissen binne krektas yn [[Sina]] de mear Boeddhistyske aspekten belangriker. It oanbidden fan de Kami bart mear by Sjinto festivals. De meast oanbiddene Kamis is de sinnegoadinne mei de namme Amaterasu. It wichtichste hillichdom fan Amaterasu stiet yn Ise. Yn it hillichdom wurdt se symbolisearre my spegel, somtiden kin de Jinja ek leech wêze.