Frank Lloyd Wright: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L kat
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 7:
In skoftke letter moete hy Anna Lloyd Wright, op in muzykfestival. It leeftydsferskil makke neat út. Se trouden en krigen Frank Lloyd Wright. Anna ûntduts it [[Froebel]] Kindergarten konsept. Dit wie in nije oanpak om bern op te fieden. It like derop dat Anna al beslist hie dat har soan arsjitekt wurde soe. Dy manier fan edukaasje slute dêr perfekt by oan. Der wie sa'n beukerskoalle yn [[Boston]], mar it wie foar in beuker net mooglik om alle dagen op en del te reizgjen. Derom kocht Anna de spullen dy’t nedich wienen en joech Frank thús les.
 
De Froebelwurkwize hâldt yn dat bern oanmoedige wurde om te boartsjen. Hjirby wurdt harren spul omfoarme ta it werkennen en wurdearjen fan natuerlike objekten. De bern krije boartersguod as wienen it geskinken. It boartersguod hat hiele simpele foarmen en gewoane kleuren. Der kin op ferskeidene manieren mei it boartersguod boarte wurde. FaaksFaak begjint men mei twadiminsjonale foarmen en letter trijediminsjonale foarmen dêr't patroanen en struktueren mei oanmakke wurde. De bern wurde fansels oanmoedige om harren fantasy te brûken. Mei de metoade wurde de bern oanleard dat de simpelste geometryske foarmen de basis binne foar alle foarmen en dingen.
 
By Frank Lloyd Wright soenen sokke Froebeliaanske skema’s en oefeningen syn libben lang ynfloed op him hâlde. Syn oanpak fan de arsjitektuer wie dat alles simpele foarmen hawwe moast.