Ferskil tusken ferzjes fan "Fatikaanstêd"

L (Removing Link FA template (handled by wikidata))
== Demografy ==
=== Befolking ===
Yn [[2010]] wennen der 829 minsken binnen de muorren fan Fatikaanstêd.<ref name=factbook>[https://www.cia.gov/library/publications/the-world-factbook/geos/vt.html CIA Factbook] (sjoen op 3 desimber 2010)</ref> De boargers fan Fatikaanstêd besteane benammen út geastliken, wêrûnder de preesters, susters en de ferneamde [[Switserske Garde]]. Hast alle ynwenners werkewurkje foar de [[Hillige Stoel]]. Der werkewurkje likernôch 3.000 leken, mar dizzendy wenje net yn Fatikaanstêd. Alle meiwurkers fan it Fatikaan binne Katolyk.
 
Der bestiet in nasjonaliteit fan Fatikaanstêd, wêrtroch hege geastliken reizgje kinne mei in paspoart fan it Fatikaan en diplomatike status krije kinne yn lannen wêrdêr't harren betrouwensbrieven akseptearre binne. Ein [[2003]] hienen 552 minsken de nasjonaliteit fan Fatikaanstêd; 61 kardinalen, 346 oare geastliken, 101 leden fan de Switserske Garde en 44 leken. Hast al dizzedy minsken hawwe in dûbele nasjonaliteit en hawwe harren oarspronklike nasjonaliteit behâlden. Hja krije de nasjonaliteit allinne troch naturalisaasje, net troch berte. De measte Italjanen dy't foar it Fatikaan oan it wurk binne hawwe net de nasjonaliteit fan Fatikaanstêd.
 
=== Taal ===
10.424

bewurkings