Wim en Hans Anker: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 10:
Wim Anker en Hans Anker binne warbere gongmakkers yn it ferieningslibben fan Akkrum. Foarbylden binne it Frysk kampioenskip [[mêstklimmen]], [[Tûne-Lûke]] en [[Slingeraap]]. Se binne ek supporter fan [[SC It Hearrenfean]]. De bruorren binne net allinnich leafhawwers fan it libbenssliet, mar binne sels ek entûsjaste fertolkers. Se ferlienden meiwurking oan in [[Kompaktskiif|cd]] fan [[Oane en Skelte]] yn it Frysk; ek oan in cd fan it dweilorkest De Glêsblazers út It Hearrenfean en dienen de bruorren mei oan it liet ''Heerenveen foar altyd''. Op in cd fan Radio Yllegaal sjonge se it nûmer: ''Der komt wer in yllegaal''.
 
Se brûke by harren wurk en yn 'e omgong in soad humor. De iene neamt de oare 'Joop" en ek wol 'it aai' omdat de manlju beide aardich troch it hier binne. Sa neamden se harren abbekatekantoar ris "Anker & Anker, foar al jo misdieden". By feesten foel it harren op dat de skoften faaksfaak it gesellichst binne. Hja besleaten doe in "pauzefeest" te hâlden by kafee Goerres yn Akkrum; der stie neat op it programma: it gie ommers om de gesellichheid.<br>
Yn 2007 kochten de bruorren in 90 kilo swiere stielen doar út de Koepel-finzenis yn [[Breda]] foar harren kantoar oan de Oksekop. Tusken 1945 en 1989 hienen dêrefter de [[Fjouwer fan Breda]] (Fischer, Kotälla, Aus der Fünten en Lager) fêstsitten.