Ferskil tusken ferzjes fan "Kasino"

Gjin feroaring yn grutte ,  5 jier lyn
stav.
(nije side)
 
(stav.)
In '''kasino''' (fan it [[Italjaansk]]e wurd foar "lyts hûs"), '''gokhal''' of '''gokpaleis''' is in [[útgeansgelegenheid]] dy't wijd is oan [[gokken]]. Besikers kinne der [[jild]] ynsette op û.m. [[gokautomaat|gokautomaten]] en tafelspullen as [[rûlette]], [[faro (kânsspul)|faro]], [[dobbeljen]] en [[ienentweintigjen]]. Faak binne der ek tafels oanwêzich dêr't de gasten mei-inoar [[pokerjen|pokerje]] of [[bakkarat]] spylje kinne. In romte dêr't mar ien, faak ienfâldich, [[kânsspul]] oanbean wurdt, is gjin kasino, mar wurdt ornaris nei it oangeande spul ferneamd (bgl. in [[automatehal]] of in [[bingohal]]).
 
Yn in kasino is de oanklaaiïng en ôfwurking fan 'e romte yn 'e regel tige lúks, en binne der spesjale, yn [[oerstrûper]] en [[sjilet]] mei [[flinterstrikje]] klaaide meiwurkers ([[grûpierkrûpier]]s) dy't de tafelspullen liede. Fierders is der ek in [[bar]] dêr't men [[sterke drank|drankjes]] en mooglik oare fersnaperings bestelle kin. Grutte kasino's kombinearje har gokfunksje boppedat faak mei in [[hotel]], [[restaurant]] en [[skouboarch]], om 'e gasten in sa kompleet mooglike útgeansûnderfining te bieden en harren sa lang mooglik fêst te hâlden. De bedoeling foar de besikers fan in kasino is om har ynset fia it gokspul te fergrutsjen; de bedoeling fan it kasino is om safolle mooglik jild te fertsjinjen oan 'e besikers.
[[File:Casino slots2.jpg|left|thumb|200px|[[Fruitautomaat|Fruitautomaten]] yn [[Atlantic City (Nij-Jersey)|Atlantic City]].]]
 
17.653

bewurkings