Sankt Goar: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 34:
 
==It besjen wurdich==
De boarch Rheinfeld leit boppe de stêd en waard yn [[1245]] troch de greve fan Katzenelnbogen stifte. De boarch waard útboud ta in fêsting en waard it grutste ferdigeningwurk yn de Middenryndelte en wie in foarbyld foar de bou fan boargen yn it Dútske Ryk. Oan it ein fan de 18e iuw fernielden Frânske trûpentroepen de fêsting. Dêrnei waard de ruïne brûkt foar de winning fan boumaterjaal. Yn 1843 wist prins Wilhelm fan Prúsen, de lettere keizer [[Wilhelm I fan Dútslân|Wilhelm I]], de boarch yn syn besit te krijen en sa bleau it bouwurk foar fierdere delgong bewarre. Sûnt 1925 is de gemeente Sankt Goar eigner fan de boarch, dy't hjoeddedei as hotel en restaurant tsjinnet. Dêrnjonken is der yn de boarch in museum ûnderbrocht.
 
De oan de hillige Goar wijde protestanske stiftstsjerke yn it sintrum fan de stêd is in tsjerke mei romaanske en goatyske ynfloeden. De romaanske krypt datearret út it lêtste stik fan de 11e iuw. Yn de trijebeukige [[Gotyk|goatyske]] tsjerke binne muorrebeskilderingen út de 2e helte fan de 15e iuw te sjen.