Swazylân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.; neffens regel Standertnederlânsk? Taalunie: http://woordenlijst.org/#/?q=Bantoe
Rigel 27:
Ut [[argeology]]ske fynsten docht bliken dat der al minsken yn Swazylân wennen yn de iere [[stientiid]], sawat 200.000 jier lyn. De [[prehistoarje|prehistoaryske]] rotsskilderingen dy't fûn binne stamme út om-ende-by 25.000 f. Kr.
 
De ierste ynwenners dêr't de komôf dúdlik fan is, wienen de [[Koisan]] jager-samlers. Dat folk soe troch de komst fan [[BantûBantoe]] stammen foar it meastepart ferdreaun wurde. Iere bewizen fan lânbou en it brûken fan [[izer]] datearre fan de [[4e iuw]] en de foarâlden fan de hjoeddeistige [[Sotho (taal)|Sotho]] een [[Nguny (taal)|Nguny]] sprekkers begûn har net letter as de [[11e iuw]] yn Swazylân te fêstigjen.
It tsjintwurdich hearskjende Dlaminy geslacht krige har liederskip oer de regio al yn de [[18e iuw]]. In grut Swazy keninkryk waard stifte troch [[Sobhuza I fan Swazylân|Kening Sobhuza I]] begjin [[19e iuw]]. Al gau nei dy tiid soene de earste blanken har ek yn de omkriten festigje. Yn de njoggentiger jierren fan de 19e iuw kleemde [[Súd-Afrika]] de hearskippij yn de [[Transfaal]] oer Swazylân mar krige nea de folsleine macht oer it gebiet. Nei de [[Twadde Boerekriich]] fan 1899 oant 1902, waard Swazylân in protektoraat fan [[Grut Brittanje]]. It lân waard op [[6 septimber]] [[1968]] sellstannich en lid fan [[Commonwealth of Nations|Britsk Mienebest]]. Sûnt dy tiid hat it lân te krijen mei in politike machtsstriid tusken pro-demokratyske krêften en de monargy.
Rigel 46:
* Big Bend mei 10.342 ynwenners (2005).
 
Mear as 90 % fan de befolking fan Swazylân hearre by it BantûfolkBantoefolk fan de Swazy. Soto, Sûlû, Tsonga, blanken en healbloedsjes foarmje in minderheid.
 
It oantal HIV-ynfeksjes yn Swazylân is it heechste op de wrâld. Yn 2004 wie 39 % besmet, yn 2005 wie it 42 % fan de befolking. 63 % fan de âlderein en bern ha de sykte. Swazylân hat mei 34,1 jier de leechste trochsneed libbensferwachting fan de wrâld (2007).