Earste Wrâldkriich: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 130:
De publike opynje yn Jeropa keas de kant fan Wenen. Sels de Russen lutsen harren hannen walgjend fan de Servjers ôf, dy’t nei de grouwélige keniningsmoard op de [[Servje|Servyske]] kening [[Alexander Obrenović|Alexander]] en keninginne [[Draga Mašin|Draga]] yn [[1903]] al in minne namme hienen. De oanslach like yn earste ynstânsje mei in sisser ôf te rinnen, Eastenryk like net te reagearjen. De saak waard ôfdien as in ynsidint feroarsake troch in pear jonge hjithollen.
 
Yn Wenen waard lykwols gniisd: libben wie de prins foar it hof in lestpost west, mar syn dea soe in ideaal ekskús wêze om Servje oan te pakken. Nei him fan Dútske stipe fersekere te hawwen (de blanko cheque) stelde Eastenryk op [[23 july]] [[1914]] (hast in moanne nei de moard) in ultimatum (it ''[[July-Ultimatum]]'') oan Servje. It ultimatum easke koartwei dat de saak oant de boaiem ta útsocht wurde moast. Hjirfoar moast Servje him in djipgeande ynbrek op de sûvereiniteitsoevereiniteit oer syn kant gean litte, ûnder mear troch it tallitten fan Eastenrykske plysjebeämten. Servje stimde mei alle easken yn, op ien nei, wêrnei’t Eastenryk de saak op skerp sette en mei oarloch drige.
 
== It ferrin fan de oarloch ==