Noas: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanfollinkje
LNo edit summary
Rigel 3:
De '''noas''' ([[Latyn]]: ''nasus'') is by [[wringedieren]] (wêrûnder de [[minske]]) in [[anatomy]]sk útsteksel mei dêryn de beide '''noasters''' (of '''noasgatten'''), dy't mei de [[mûle]] by it [[sykheljen]] de yn- en útlaten foar lucht binne. De [[hûd]]flappen oan 'e bûtenkanten fan 'e noasters wurde de '''noaswjukken''' neamd. De noas sit yn 'e regel sintraal op it [[gesicht]]. By it sykheljen hat de noas de funksje om 'e ynkommende lucht te reinigjen en op te warmjen ear't dy fierder it lichem yngiet. By de yngong fan 'e noasters sitte de [[noashier]]kes, dy't foarkomme moatte dat grutte, skealike dieltsjes yn 'e lucht de [[luchtwegen]] binnenkringe kinne.
 
Efter de noasters lizze de [[noasholte]]s mei dêryn oan wjerskanten trije noasskelpen (''concha nasalis''), dy't beklaaid binne mei [[slymflues|slymfluezzen]] en dy't it oerflak fan 'e holte sterk fergrutsje. Dizze slymfluezzen binne goed trochblet en waarmje de binnenkommende lucht sadwaande sterk op. Boppe-oan yn 'e noasholte, ûnder de [[skedelbasis]] en tusken de [[each|eagen]], sit by minsken it rookslymflues mei it [[rooksin]]túch (ferbûn mei it brein troch de [[rooksenuw]]), al wurdt dat yn it gewoane spraakgebrûk ornaris lykslein mei de hiele noas. De lofter- en rjochternoasholte wurde faninoar skaat troch it [[noastuskenskud]] of it noasseptum (''septum nasi''), dat bestiet út in foarste diel fan [[kreakbien]] en in efterste diel fan [[bonke (skelet)|bonke]], de [[noasbonke]]. Hielendal efteroan komme de noasholtes út yn 'e [[noas-kielholte]] of ''farynx''. Troch de [[buis fan Eustachius]] stiet dat diel fan it lichem streekrjocht yn ferbining mei de [[ear (lichemsdiel)|middenearen]].
 
By bisten is de noas faak ferlinge ta in [[snút]]. Dêrby is troch folle gruttere rookslymfluezzen de rooksin yn 'e regel ek folle grutter as by minsken. Benammen [[hûn]]eftigen steane om har "goede noas" bekend. By sokke bisten, dy't in wiete noas hawwe (d.w.s. de bûtenkant fan 'e noas heart by har fochtich te wêzen), ferfollet de noas ek de funksje fan rjochtingsorgaan, mei't se (krekt as oan in befochtige opstutsen finger) oan har noas fiele kinne wêr't de [[wyn (waar)|wyn]] wei komt.