Walter Scott: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 29:
Mei it ferskinen fan de histoaryske roman ''Waverly'' (1814) bruts in nije faze fan syn skriuwerskip oan. Scott wie yn't earst tige benaud foar ôfwizing troch lêzers en kritisy, dat hy publisearre ûnder [[pseudonym]]. Hy hat ferskate skûlnammen brûkt, mar as ''Skriuwer fan Waverly'' waard er ferneamd. It hat oant [[1827]] duorre ear't h er ûnder eigen namme publisearre doarde, wylst de measte minsken doe al lang op de hichte fan syn identiteit wiene.
 
Walter Scott wurdt wol ien fan de earste ynternasjonale auteurs neamd. Hy hie lêzers yn Grut Brittanje, [[Kanada]], [[Austraalje (lân)|Austraalje]], West- en East Jeropa en ûnderhâlde kontakten mei bûtenlânske kollegas. Syn ynfloed op bûtenlânske skriuwers stiet net yn'e kiif en men moat sizze dat troch him de [[skiednis fan Skotlân]] 'op de kaart' set is yn 19e -iuwsk [[Jeropa]].
 
== Ivanhoe ==
Rigel 47:
De ferfilmingen fan ''Ivanhoe'' yn de 20e iuw hawwe der och sa foar soarge dat de namme Walter Scott bekend bleaun is by in grut publyk.
 
Moderne lêzers fine syn wurk faak dreech en wiidweidich, in lot dat er dielt mei mear 19e -iuwske skriuwers, lykas [[Charles Dickens]] en [[Anthony Trollope]] yn Ingelân en [[Jacob van Lennep]], [[Bosboom-Toussaint]] en [[Willem Bilderdijk]] yn Nederlân. De measte lêzers fan Walter Scott moatte tsjintwurdich socht wurde oan de universiteiten.
 
== Sitaat ==