Anne Wadman: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
'''Anne Sybe Wadman''' ([[Langwar]], [[30 novimber]] [[1919]] - [[Snits (stêd)|Snits]], [[6 febrewaris]] [[1997]]) wie in Frysk ([[toaniel]])[[skriuwer]], [[dichter]], [[literatuerkritikus]] en [[letterkundige]] dy't ek yn it Nederlânsk skreaun.
 
Hy studearre Nederlânsk, skiednis, Frysk en musikology; en promovearre yn 1955 cum laude op in dissertaasje oer de 19e -iuwske skriuwer [[Hjerre Gjerrits van der Veen]]. As learaar en konrektor stie er oan ferskillende ûnderwiisynstellingen yn Fryslân en Grins. De Fryske skriuwster [[Hylkje Goïnga]] wie syn twadde frou.
 
As 15-jierrige kaam Wadman yn de kunde mei de [[Fryske Beweging]]. Dêr lizze de woartels fan syn skriuwerij. Hy begjint him los te meitsjen fan de 'bewegers' tusken 1945 en 1963. Hy wurdt in grut pleiter foar it modernisearjen fan de Fryske literatuer; die moat kwa tematyk net ôfwike fan de Jeropeeske literatuer.