Huzinge Olterterp: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 9:
Oantinkens oan de famylje binne rouboerden en grêfsarken yn de Olterterper tsjerke, de tinkstien oangeande in skinking fan 500 gûne ta de bou fan de Olterterper toer (yn [[1744]]), de gritenijkaart fan [[Smellingerlân]] fan de lânmjitter [[Broer Boelens]] (yn de [[Schotanusatlas|atlas]] fan [[Christiaan Schotanus]]), in tal grêfstiennen op it [[Aldhôf (Olterterp)|Aldhôf]] oan de [[Olterterper Feart]] en fansels: it hûs yn it park.
 
Oant yn it begjin fan de [[20e iuw]] stie dêr noch in “buitenhuis” yn de [[18e iuw|18e-iuw]]ske styl, yn in troch túnarsjitekt [[Lucas Pieters Roodbaard|Roodbaard]] tekene park, dat mei syn fivers (fan it hûs út sjoen) de yllúzje oproppe moast fan in steatlik bosklânskip oan de bocht fan in beekje - mei destiids útsjoch op in iepen kamp, mei dêrefter in fiver en de (no net mear komplete ) “Tolve Apostels”, in faak op ansichten fêstleine beammegroep.<br>
It wie yn de [[19e iuw]] al yn haadsaak in simmerwente: de famylje [[Boelens]] hie winterwenten op’e Sweach (no it gebou fan sosjale saken) en yn Ljouwert. En de famylje Sandberg - om [[1900]] hinne eigener en bewenner - hat yn [[1912]] in nije fila op it stee bouwe litten (in neef wie arsjitekt), dy’t alhiel op simmerbewenning berekkene wie: in kâld en damp hûs, oant der sintrale ferwaarming kaam. Fan de âlde tastân bleau lange jierren in teekoepel oer op in berchje mei ryklik “leliën der dalen” oan de rydwei en de trambaan nei [[Drachten]]. Doe’t de famylje [[Sandberg]] - yn [[1913]] noch by steat om de Olterterper tsjerke restaurearje te litten - it net mear foarinoar hâlde koe, kaam it hiele besit yn hannen fan de “Algemene Friese” (no:Aegon) en it hûs krige in wikseljende bestimming. Der hat in kantonrjochter wenne en in Grinzer medikus, yn’e oarloch hat der in bernetehûs west en in “Mutterheim” (dêr’t “grijze muizen” bern op’e wrâld setten en de frijbliuwende heiten fan kleare wille kûgels troch de glêzen skeaten).