Lieuwe fan Aitzema: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 7:
Van Aitzema makke yn 1635 en yn 1652 in reis nei Ingelân op lêst fan de Hânzestêden en behartige de belangen fan de Republyk. Hy kaam in kontakt mei ferskate pommeranten, lykas [[Oliver Cromwell]] en besocht oft de op hannen wêzende hannelsoarloch noch ôfkeard wurde koe. Van Aitzema hammerde derop dat Hollân like graach in oerienkomst mei Ingelân winske as dat in fisk nei wetter snakke. Op de weromreis waard de pakketboat, eigendom fan de greve fan [[Thurn und Taxis|Taxis]] kaapt en Van Aitzema ferlear syn koffer mei weardefolle besittings. Hy protestearde om 'e nocht by de Steaten fan Seelân, dy't de kaperbrief jûn hienen.
 
Van Aitzema sette yn Den Haach in soarte politike berjochtetsjinst op mei abonnees yn Dútslân, Sweden, Denemark, Feneetsje, Ingelân en Frankryk. De [[19e iuw|19e-iuw]]ske histoarikus [[Robert Fruin]] makke him út foar spion, want hy joech yn de [[Earste Ingelsk-Nederlânske Oarloch|Earste]] en de [[Twadde Ingelsk-Nederlânske Oarloch|Twadde Ingelske Oarloch]] oan de Ingelske masterspion [[John Thurloe]] heechst geheime ynljochtings oer de situaasje yn en de plannen fan de Republyk.
 
== Wurk ==