Charles B. Timmer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]]]
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 8:
Yn de [[Twadde Wrâldkriich]] gie Charles B. Timmer fierder mei de stúdzje Russyske taal. Hy soe ek Russyske les jûn hawwe oan Nederlânske boeren dy't by de [[Nederlânske East Kompanjy|Eastkompanjy]] gien wienen om it fan de [[Nazy-Dútslân|Dútsers]] ferôvere lân te bewurkjen. Dat feit brocht [[Aleida Schot]] letter by [[G.A. van Oorschot|Geert van Oorschot]] op it aljemint, doe't Timmer wegere har as oersetter foar de ''Russische Bibliotheek'' oan te nimmen. Letter frege Timmer har dochs noch om foar de ''Russische Bibliotheek'' oan't wurk te gean, mar Schot wegere. Timmer joech yn de oarloch ek Russysk oan [[Sal Tas]], in joadske [[SDAP|SDAP’er]].
 
Nei de oarloch begûn er mei Geert van Oorschot de ''Russische Bibliotheek''. Timmer syn earste oersetting fan ''Afgunst'' fan [[Joeri Oljesja]] ferskynde 1947. Mei Timmer as haadredakteur fan de 'Russyske Bibleteek' waarden de Russyske klassike skriuwers út de [[19e iuw]], lykas [[Anton Tsjechov]], [[Ivan Toergenjev]], [[Nikolaj Gogol]] en [[Fjodor Dostojevski]], oerset yn it [[Nederlânsk]]. It projekt hie meiïnoar tweintich oersetters, dy't foar it earst streekrjocht út it Russysk oersetten. Totaal sette Timmer sels sechtich titels oer. Yn 1963 krige er de [[Martinus Nijhoff-priis]] foar it oersetten fan de 19e -iuwske Russyske auteurs, yn 1987 de [[Belle van Zuylen-priis]] en yn 1991 de [[Aleida Schot-priis]].
 
Nei ferrin fan tiid naam Timmer in gremittige en krityske hâlding oan foar syn kollega's oer, ûnder oaren wienen dat de Slavisten [[Karel van het Reve]] en [[Tom Eekman]]. Guon ferklearje dat út it feit dat Timmer tocht dat hy as [[autodidakt]] net sa serieus as syn akademyske kollega’s naam waard. De betsjutting fan syn pionierswurk waard earst letter erkend en mei prizen beleane.