Daugavpils: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
LNo edit summary
Rigel 21:
[[Ofbyld:Daugavpils University square.jpg|300px|thumbnail|right|Plein foar de Universiteit fan Daugavpils]]
[[Ofbyld:Dvinsk 1912.jpg|thumbnail|Daugavpils yn 1912]]
'''Daugavpils''' ([[Dútsk]]: ''Dünaburg''; [[Russysk]]: Даугавпилс, Борисоглебск; (''Borisoglebsk'' 1656–1667), Двинcк; (''Dvinsk'' 1893–1920); [[Letgaalsk]]: ''Daugpiļs'', [[Litousk]]: ''Daugpilis'', [[Poalsk]]: ''Dyneburg'') is in stêd yn it súdeasten fan [[Letlân]]. Mei har 109.421 ynwenners (1-1-2005) is it nei [[Riga]] de grutste stêd fan it lân. De stêd leit oan de rivier de [[Westlike Duna]], yn it Letsk: '''Daugava''', wêrneidêr't de stêd ek neamd is. It is de wichtichste stêd fan it lânsdiel Letgallen (Latgale). De stêd, dy't yn de [[Twadde Wrâldkriich]] foar in grut part ferwoaste waard, hat benammen Russyske ynwenners (59% yn 1998, tsjin 14% Letten en 13% PolenPoalen).
Daugavpils leit binnenyn de [[Daugavpils novads|gemeente Daugavpils]], mar is hjirdêr gjin part fan. Wol is Daugavpils hjirdêr it bestjoerlik sintrum fan.
 
==Skiednis==
De stêd waard yn [[1275]] foar it earst neamd: yn dat jier bouden de ridders fan de Lyflânske Oarder (ûnderdiel fan de [[Dútske Oarder]]) in boarch, de ''Dünaburg'', oan de Daugava. De hjoeddeiske stêd ûntstie yn de 16de16e iuw, tweintich kilometer fierderop, neidat de oarspronklike delsetting ferwoaste wie. Yn [[1582]] krige Dünaburg stedsrjochten. Letgallen hearde yn dizzedy perioade oant it [[Poalen-Litouwen|Poalsk-Litouske Gemenebest]].
TidensUnder de [[Poalsk-Russyske Kriich]] ([[1654]]-[[1667]]) kaam de stêd ûnder Russysk bewâld, en waard werneamd ta ''Borisoglebsk'' (Борисоглебск) ([[1656]]—[[1667]]). Nei it Bestân fan Androesovo kaam it wer by [[Poalen]].
Yn [[1772]] kaam Letgallen yn it ramt fan de Poalske Ferpartings oan tsaristysk [[Ruslân]], dat it yn [[1811]] fersterke mei in festing. Tegearre mei de rest fan Letgallen foel de stêd ûnder it [[Gûvernemint Polotsk]], dochs yn [[1802]] weryndield ta [[Gûvernemint Vitebsk]]. Yn [[1893]] waard de namme feroare ta ''Dvinsk''.<br>
De stêd lei sawol yn de [[Earste Wrâldkriich|Earste]] as yn de [[Twadde Wrâldkriich]] yn de frontliny en lijwaard yn beide krigen swiereswier skeaskansearre. Yn desimber [[1919]] fersloegen Poalske en Letske troepen dêr it [[Reade Leger]], wêrmei in wichtige stap set waard nei de Letske ûnôfhinklikheid, dy't yn [[1920]] in feit waard. De ta ''Daugavpils'' werneamde stêd hearde sûnt dan ta Letlân. <br>
Yn it Molotov-Ribbentroppakt yn [[1939]] tusken [[Dútslân]] en de [[Sowjet-Uny]] wie it ûnôfhinklike Letlân tawiisd ta de ynfloedsfear fan de Sowjet-Uny. Yn juny [[1940]] besette it Reade Leger Letlân, yn augustus 1940 waard it in dielrepublyk fan de Sowjet-Uny. Yn [[1941]] waard de stêd troch Dútske troepen ynnommen, wêrop sy har grutte [[Joaden|joadske]] mienskip omtrint hielendal ferlear. Sûnt [[1945]], doe't de stêd by de [[Letske Sosjalistyske Sowjetrepublyk]] hearde, is it tal net-Letten yn de befolking fierder tanommen. De stêd ûndergie in grutskalige yndustrialisaasje.
Njonken in grutte joadske mienskip, wêrdêr't ûnder mear de skilder [[Mark Rothko]] (1903-1970) grutbrocht hatwaard, koe Daugavpils tradisjoneel ek soad Poalske ynwenners. Ien fan harren wie de komponist [[Grzegorz Fitelberg]] (1879-1953). Yn [[1998]] wie 13% fan de ynwenners fan Daugavpils Poalsk. It oantal joaden is noch allinne 600. In soad fan de Russyske ynwenners fan de stêd hearre ta de mienskip fan de âldleauwigen, dy hjir trije tsjerken hawwe. Sy kamen fanôf de 17de iuw nei de stêd.
Yn [[1953]] anneksearre Daugavpils it op de lofterwâl fan de Daugava lizzende stedsje Grīva, dat histoarysk net by Letgallen, mar by [[Seelje]] (Hartochdom Koerlân en Semgallen) hearde.
Nei de twadde ûnôfhinklikheid fan Letlân yn [[1991]] namen de sosio-ekonomyske problemen ta; der wie mear wurkleazens en der wiene mear drugsferslaafden. Hoewol it de twadde stêd fan Letlân is wurdt it troch it regear yn Riga fanwege syn sterk Russyske karakter en grut persintaazje ynwenners sûnder steatsburgerskip foar in grut part net nei omsjoen.