Ferskil tusken ferzjes fan "Potestaat"

L
(Albrecht_Dürer_084b.jpg ferfange troch Albrecht_Dürer_-_Portrait_of_Maximilian_I_(1519)_-_Google_Art_Project.jpg (troch [[commons:User:CommonsDelinker|CommonsDel)
 
Neffens it saneamde [[Karelsprivileezje]] hienen de Friezen in rjocht, dêr't yn stie dat de Friezen harren eigen haad kieze mochten. It docht lykwols bliken dat dat Karelsprivileezje falsk wie, mar it hat dochs inkele iuwen jilden. <br>
[[Ofbyld:Albrecht Dürer - Portrait of Maximilian I (1519) - Google Art Project.jpg|220px|thumb|right|''Maximiliaan I fan it Hillige Roomske ryk'']]
De measte neamde potestaten ha inkeld legindaryske figuren west en it amt hat nea folle foarsteld. De potestaat hie as bystân in rie. Dy waard keazen op in lândei, wêr't [[Eastergoa]] en [[Westergoa]] tegearre in potestaat en in rie keazen. Foaral yn de tiid fan [[Skieringers en Fetkeapers]] wie it foar de keizer hast ûnmooglik om in lândei byinoar te krijgen. Yn Eastergoa hienen de [[Fetkeapers]] it foar it sizzen en yn Westergoa spilen de [[Skieringers]] de earste fioele. As it safier kaam, betsjutte it dat de keizerlike gesant al syn politike jeften brûke moast om de hearen om de tafel te krijen en te hâlden. <br>
Der hat sels in trijemanskip west as potestaat, dat wienen in Skieringer en in Fetkeaper en net-polityk persoan.
23

bewurkings