Eastland Cash: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 14:
| prizen =
}}
'''Eastland Cash''' ([[Angeren]], [[7 febrewaris]] [[1991]] – [[Gytsjerk]], [[28 juny]] [[2005]]) wie in [[Holstein-Friesian]]-[[ko|bolle]] dy't jierrenlang ien fan 'e súksesfolste en meast brûkte [[fokbolle]]n fan 'e wrâld wie.
 
==Libben==
Eastland Cash waard yn [[1991]] smiten yn 'e stâl fan 'e bruorren Oosterink yn it [[Gelderlân|Gelderske]] [[Angeren]]. Mei't er in soan fan 'e ferneamde fokbolle [[Sunny Boy (bolle)|Sunny Boy]] wie, waard er in fearnsjier letter oankocht troch de fokkerijferiening CRV en oerbrocht nei de CRV-stâlen yn [[Gytsjerk]], dêr't er syn hiele fierdere libben trochbringe soe.
 
Yn [[augustus]] [[1995]], doe't de CRV foar it earst syn [[sperma]] frijjoech foar de ferkeap (om troch [[keunstmjittige ynseminaasje]] by kij ynbrocht te wurden), briek Eastland Cash troch as de súksesfolste fan 'e soannen fan Sunny Boy. Hy waard troch [[feehâlder]]s heech wurdearre fanwegen de lange libbensferwachting fan syn dochters, de positive fet-aaiwytferhâlding fan harren [[molke]] en teffens fanwegen syn gaadlikens foar gebrûk by [[rier]]ren dy't noch nea kealle hiene. Fan [[oktober]] [[1995]] oant syn dea wiedwie er stiiffêst ien fan 'e populêrste fokbollen fan 'e wrâld.
 
Yn totaal waarden fan Eastland Cash syn sperma wrâldwiid 1,2 miljoen doazesdoases ferkocht, wêrmei't er ien fan 'e bêst ferkeapjende bollen ea wie (al bleau it rekôr stevich yn 'e hannen fan 'e syn heit Sunny Boy). Eastland Cash berikte de respektabele leeftyd fan 14 jier, en gie ein [[maaie]] [[2005]] dea yn syn stâl te Gytsjerk. Ek syn soan [[Laurenzo (bolle)|Laurenzo]] en syn pakesizers [[Rafael (bolle)|Rafael]], [[Nevada (bolle)|Nevada]], [[Stilist]] en [[Obelisk (bolle)|Obelisk]] ûntjoegen har ta súksesfolle fokbollen.
 
{{boarnen|boarnefernijing=