Berchkleaster: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
L [[]]
Rigel 1:
It '''Berchkleaster''' of '''Barrakonvint''' wie in kleaster oan de Kleasterleane yn [[Burgum]].
 
Berchkleaster waard yn de [[14e iuw]] stifte troch de Reguliere Kanunniken en wijd oan "[[Nikolaas fan Myra|Sinte Nicolaas]]". It kleaster hie in soad besittings. De mûntsen diene neist geastlik wurk in soad hânwurk. Hjir waarden ek wichtige oerienkomsten sluten.
 
[[Steedhâlder]] [[Jan fan Arenberch|Aremberg]] hat hjir yn [[1567]] in tiid tahâlden, wylst yn [[1578]] de Fryske biskop [[Cuneris Petri]] der tydlik finzen setten waard. Yn [[1580]], de tiid fan de [[Reformaasje]], waard de provinsje eigener en makke bekend dat eltsenien it kleaster ôfbrekke mocht. Yn in resolúsje fan [[6 novimber]] [[1581]] waard ûnder mear besletten om it kleaster ôf te baarnen, ''opdat de vijanden (Spanjerts) daarvan geen roofnesten make''.
 
Op de Kleasterleane steane noch gebouwen mei de histoaryske nammen Martinushof en Kleasterhof.