Ferskil tusken ferzjes fan "Salt Lake City"

L
+oare betsjuttings, +berne yn
L (+oare betsjuttings, +berne yn)
Webside= [http://www.slcgov.com/ www.slcgov.com]|
}}
{{Oar|de stêd yn 'e Amerikaanske steat Utah|Salt Lake City (betsjuttingsside)}}
[[File:UTMap-doton-Salt Lake City.PNG|left|thumb|200px|De lizzing fan Salt Lake City yn [[Salt Lake County (Utah)|Salt Lake County]] en yn 'e steat [[Utah]].]]
[[Ofbyld:Salt lake city main street c1900 pc.jpg|thumb|left|200px|Salt Lake City yn [[1900]].]]
[[OfbyldFile:SaltUtah LakeState Temple,Capitol Utahseen -from SeptState 2004-2Street.jpg|thumb|left|thumb|200px|De [[mormoanen|mormoanske]] Timpel fan Salt Lake City, wêrfanby 't dewinter bou(op 40'e jiereftergrûn duorreit hat[[Steatskapitoal fan Utah]]).]]
[[Ofbyld:SLCCityAndCountyBldg.jpg|thumb|left|200px|It stedhûs fan Salt Lake City en ''county''-hûs fan Salt Lake County.]]
'''Salt Lake City''', gauris ôfkoarte ta '''Salt Lake''' of '''SLC''', is de [[haadstêd]] en teffens de grutste stêd fan 'e westlike [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Utah]]. Ek is it it haadplak fan it omlizzende [[Salt Lake County (Utah)|Salt Lake County]]. In letterlike oersetting fan 'e namme Salt Lake City soe "Sâltmarstêd" opsmite; de ''[[Bosatlas]]'' út [[1877]] sprekt noch fan "Grutte Sâltmarstêd". Dêrmei wie dy efter de tiid rekke, want yn [[1868]] wie yn Utah al offisjeel besletten om it "Great" fan Great Salt Lake City falle te litten. Hoe dan ek, de stêd is neamd nei de [[Grutte Sâltmar]] (''Great Salt Lake''), oan 'e igge wêrfan't er stifte is. Neffens in offisjele skatting út [[2012]] lei it ynwennertal fan Salt Lake City doe krekt ûnder de 190.000, wylst de hiele stêdekloft mei Salt Lake City as mulpunt in befolking fan krapoan 1.150.000 minsken hie. Dêrmei is Salt Lake City de grutste agglomeraasje yn it [[Tuskenberchske Westen]] en ien fan 'e beide grutte stedske sintra yn 'e [[Grutte Dobbe]] (''Great Basin''); de oare is [[Reno (Nevada)|Reno]], yn [[Nevada]]). Salt Lake City stiet benammen bekend as it haadkertier fan 'e oer de hiele wrâld aktive [[mormoanen|mormoanske]] [[Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen]], en sûnt [[2002]] yn [[Nederlân]] ek om't it ien fan 'e fluchste oerkape [[iisbaan|iisbanen]] fan 'e wrâld hat.
 
De krite dêr't hja harren nei wenjen setten, hearde doedestiden eins noch ta [[Meksiko]], mar lei te fier nei it noarden ta om troch it Meksikaanske regear behearske te wurden. De mormoanen stiften der mear as hûndert delsettinkjes yn wat Young "[[Deseret]]" neamde, en regearre as in folslein ûnôfhinklike [[teokrasy]]. Nei't it gebiet yn [[1848]] mei û.m. Kalifornje troch Meksiko ôfstien wie oan 'e Feriene Steaten, kaam it bekend te stean as it [[Utah (territoarium)|Utah-territoarium]]. De nij stifte stêd waard it mulpunt dat territoarium, en úteinlik, yn [[1858]], ek de haadstêd. De Timpel fan Salt Lake City, de sit fan 'e [[Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen]], waard wer it mulpunt fan 'e stêd sels. De bou fan dat mânske gebou sette yn [[1853]] útein, en it waard pas fjirtich jier letter, yn [[1893]], foltôge. Hoewol't Utah foar in grut part út [[woastyn]] en rotsgrûn bestie, wisten de mormoanen der troch harren kommunale wurkwize en heech ûntwikkele lânboumetoaden te oerlibjen en sels te florearjen. Fan [[1848]] oant [[1890]] wiene der allegeduerigen botsingen mei it Amerikaanske regear yn [[Washington, D.C.|Washington]], oant de mormoanen úteinlik de troch harren as ûnderdiel fan har [[leauwe]] beliden [[polygamy]] (mearwiverij) ôfswarden. Yn 'e 1850-er jierren waard der sels eefkes fochten, yn wat wol de "[[Lytse Boargeroarloch]]" neamd wurdt. Amerikaanske troepen ûnder de lettere [[Konfederearre Steaten fan Amearika|Súdlike]] generaal [[Albert Sidney Johnston]] kamen yn [[1857]] om Salt Lake City te besetten, mar ûntdieken dat Young-en-dy de stêd ûntromje litten hiene. Troch dizze kwestje waard Utah pas yn [[1896]] as in folweardige steat yn 'e Amerikaanske Uny opnommen, folle letter as dat op grûn fan ynwennertal hoegd hie.
[[File:2002 Winter Olympics flame.jpg|right|thumb|150px|De [[Olympyske Spullen|Olympyske]] flam baarnt yn Salt Lake City ([[2002]]).]]
 
Yn [[1869]] waard it [[Earste Transkontinintale Spoar]] by [[Promontory Summit (Utah)|Promontory Summit]], oan 'e noardkant fan 'e Grutte Sâltmar, foltôge, doe't de spoarlinen dy't út it easten en westen wei oanlein waarden dêr byinoar kamen. Salt Lake City sels waard yn [[1870]] op it spoar oansletten, wat reizgjen in stik makliker makke. Yn 'e tiid fan it [[Wylde Westen]] wie Salt Lake City ien fan 'e grutste en meast bloeiende stêden yn it westlike binnenlân. De stêd groeide stadich troch oant it ynwennertal healwei de [[tweintichste iuw]] in hoart ôfnaam fanwegen in migraasjeweach út it sintrum nei de foarstêden. Sûnt de ein fan 'e jierren tachtich groeit Salt Lake City wer, mei trochdat in protte ymmigranten út [[Midden-Amearika|Midden-]] en [[Súd-Amearika]] har der fêstige hawwe. Ek binne der relatyf grutte mienskippen fan [[Samoä]]nen en [[Tonga]]nen. Yn [[2002]] waarden yn Salt Lake City de [[Olympyske Winterspullen 2002|Olympyske Winterspullen]] holden. Dêr ûntstie yn [[1998]] in skandaal oer doe't oan it ljocht kaam dat der jild delteld wie om 'e ferkiezing ta gaststêd fan 'e Spullen te bewissigjen.
[[Ofbyld:Salt Lake Temple, Utah - Sept 2004-2.jpg|thumb|left|200px|De [[mormoanen|mormoanske]] Timpel fan Salt Lake City, wêrfan't de bou 40 jier duorre hat.]]
[[File:Utah State Capitol Building.JPG|right|thumb|300px|It [[Steatskapitoal fan Utah]].]]
 
==Salt Lake City hjoed de dei==
 
De stêd sels hat in rjochthoekich strjittestelsel wêryn't de measte strjitten sekuer noard-súd of east-west rinne. De adressen binne de koördinaten yn it raster. It begjinpunt fan dat strjittestelsel is de súdeasthoeke fan Temple Square, dêr't de [[mormoanen|mormoanske]] Timpel fan Salt Lake City stiet. Op it mêd fan besjensweardichheden binne der it ''[[Church History Museum]]'' en ferskate tsjerken fan 'e Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen. It meast ymposante gebou, de Timpel fan Salt Lake City, is lykwols net frij te besichtigjen. Wol kin men terjochte yn 'e ''[[Family History Library]]'', de grutste [[sibbekunde|geneälogyske]] bibleteek fan 'e wrâld, dy't troch de mormoanen brûkt wurdt om ferstoarnen út alle lannen en fan alle tiden dochs noch te rêden (fan 'e [[hel]]) troch se mei weromwurkjende krêft te [[doop|dopen]] en sa postúm ta mormoan te meitsjen (in praktyk dy't net noch elkenien op priis steld wurdt en dêr't om it hoartsje opskuor oer ûntstiet). Salt Lake City is ek de thúshaven fan 'e ''[[Utah Jazz]]'', in foaroansteand [[basketbal]]tiim dat útkomt yn 'e [[National Basketball Association|NBA]] (''National Basketball Association''), en fan it [[fuotbal]]tiim ''[[Real Salt Lake]]'', dat yn [[2009]] lânskampioen fan 'e Feriene Steaten waard.
[[File:Utah State Capitol seen from State Street.jpg|left|thumb|200px|Salt Lake City by 't winter (op 'e eftergrûn it [[Steatskapitoal fan Utah]]).]]
[[File:2002 Winter Olympics flame.jpg|right|thumb|150px|De [[Olympyske Spullen|Olympyske]] flam baarnt yn Salt Lake City ([[2002]]).]]
 
==Demografy==
De befolking fan Salt Lake City woeks tusken [[1850]] en [[1960]] stadich oan fan 6.200 ta 189.000. Doe folge der in weromfal, ta 160.000 yn [[1990]]. Sûnt is it ynwennertal wer oan it tanimmen, mei 182.000 yn [[2000]] en 186.000 yn [[2010]]. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan [[2010]] wie doe 18,5% fan 'e ynwenners fan Salt Lake City berne yn it bûtenlân, wylst 27% yn 'e hûs in oare taal spriek as [[Ingelsk]]. Wat de [[etnyske groep|etnyske]] opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 52,8% [[jeropide ras|blanken]]; 22,3% [[Latino's]]; 4,4% [[Aazje|Aziaten]]; 2,7% [[negroïde ras|swarten]]; 2,0% [[Polyneezje|Polyneziërs]], [[Melaneezje|Melaneziërs]] en [[Mikroneezje|Mikroneziërs]], 1,2% [[Yndianen]]; en 14,6% oaren of fan mingd etnysk komôf.
[[File:Utah State Capitol Building.JPG|right|thumb|300px|It [[Steatskapitoal fan Utah]].]]
 
===Berne yn Salt Lake City===
<!---dizze opsomming stiet op folchoarder fan bertejier--->
* [[Bill Haywood]] (1869-1928), [[fakbûn]]slieder
* [[Maude Adams]] (1872-1953), [[toaniel]]aktrise
* [[Loretta Young]] (1913-2000), [[aktrise]]
* [[Werner G. Göring]] (1924), [[piloat]]
* [[Roseanne Barr]] (1952), aktrise en [[komediënne]]
* [[Cytherea]] (1981), [[pornoaktrise]]
* [[Krissy Lynn]] (1984), pornoaktrise
 
==Klimaat==
{{boarnen|boarnefernijing=
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Salt_Lake_City ''References'', op dizze side].
----
{{commonscat|Salt Lake City}}
}}