Ahnenerbe: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 4:
De ynstelling waard yn [[1935]] troch [[Heinrich Himmler]] (lieder fan de [[Schutzstaffel|SS]]), [[Richard Walther Darré]] (Ryksboerelieder en direkteur fan it Ras- en Lânbouhaadkantoar) en de Nederlânske amtleaze gelearde [[Herman Wirth]] as ''Studiengesellschaft für Geistesurgeschichte'' (stúdzjegenoatskip foar de oerskiednis fan de geast) oprjochte.
 
Op de foargrûn stie yn't earstoan [[ArgeologyArcheology|argeologyskarcheologysk]], [[Antropology|antropologysk]] en [[Skiednis|histoarysk]] ûndersyk , fral oer [[Hindrik I de Fûgelder|Hindrik de Fûgelder]] (919-936) en de [[10e iuw]] dêr't hast gjin skreaune boarnen fan binne. Al gau brûkte Himmler, dy't in protte niget oan [[Okkutisme|okkulte]] ûnderwerpen hie, Ahnenerbe as ûndersyksapparaat foar eigen [[Pseudowittenskip|sabeare-wittenskiplike]] projekten. Sa waarden bygelyks ek ekspedysjes organisearre nei lannen oer de hiele wrâld, mei de bedoeling it bewiis te leverjen dat [[Prehistoarje|prehistoaryske]] en [[Mytology|mytologyske]] Noardske folken ea de wrâld bestjoerd hiene.
 
It ''Institut für Wehrwissenschaftliche Zweckforschung'' ('Ynstitút foar Militêrwittenskiplik Undersyk'), dat wiidweidige medyske proeven op minsken útfierde, kaam yn de [[Twadde Wrâldkriich]] ek ûnder Ahnenerbe te fallen. It waard laat fan [[Wolfram Sievers]]. Himmler hie Sievers hjitten om dizze organisaasje op te setten; hy waard direkteur fan twa difyzjes dy't laat waarden troch [[Sigmund Rascher]] en [[August Hirt]] en troch de Waffen-SS betelle waarden.