Baffinlân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 1:
[[File:Baffin Island, Canada.svg|right|thumb|200px|De lizzing fan Baffinlân yn [[Kanada]].]]
'''Baffinlân''' of '''Baffin Eilân''' ([[Ingelsk]]: ''Baffin Island''; [[Frânsk]]: ''Île de Baffin'' of ''Terre de Baffin''; [[Inûktitût]]: ᕿᑭᖅᑖᓗᒃ, ''Qikiqtaaluk'') is it grutste [[eilân]] fan [[Kanada]] en it op fjouwer nei grutste eilân fan 'e wrâld, mei in oerflak fan 507.451 km². It is ferneamd nei de [[Ingelân|Ingelske]] [[ûntdekkingsreizger]] [[William Baffin]] en heart bestjoerlik ta it Kanadeeske [[Kanadeeske provinsjes en territoaria|territoarium]] [[Nûnavût]]. Neffens gegevens út [[2007]] hie Baffinlân doe 11.000 ynwenners, wat in befolkingstichtens opsmyt fan 0,02 minsken de km². De [[Inûyt]] foarmje mei 72,7% de grutste befolkingsgroep, folge troch de [[jeropide ras|blanken]] mei 25,3%. It grutste plak is [[Iqaluit]] (foarhinne Frobisher Bay), de haadstêd fan Nûnavût, mei krapoan 6.200 ynwenners, dy't op it westlike diel fan it eilân leit. Fynsten (fan û.m. [[slypstien]]nen) dien by [[argeologyarcheology]]ske opgravings yn [[2008]] wize derop dat Baffinlân skoan it ''[[Helluland]]'' fan 'e [[Wytsingen]] wêze kinne soe, dêr't de ekspedysje fan [[Leif Eriksson]] om it jier [[1001]] hinne foar it earst yn [[Noard-Amearika]] oan lân gie.
[[File:Baffin Island Northeast Coast 1997-08-07.jpg|left|thumb|200px|De noardeastkust fan Baffinlân.]]