Hludana-stien: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+ foto
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 8:
It wêzen fan de goadinne is net dúdlik: De Bitgumer stien leit in ferbân mei it fiskjen, wat Hludana in wettergoadinne meitsje soe. Der liket lykwols in sibskip te wêzen mei de Aldnoarske goadinne Hlodyn, in frou fan [[Weda]]. Yn oare ferhalen hjit deselde frou lykwols "Jord", oftewol "Ierde". Dat soe bestjutte dat hja in ierdgoadinne is. Mar Hlodyn wie ek de mem fan de god [[Tonger (god)|Tonger]]. De rol fan mem fan de tonger soe mear dy fan in loft-goadinne wêze, en yn dit ferbân is der wol op wiisd dat de namme besibbe wêze koe oan dy fan [[Holda]], de waar-goadinne.
 
It witten oer de [[Romeinen yn Fryslân]] is foar in part basearre op de argeologyskearcheologyske fynsten en it wurk fan klassike Grykske en Latynske auteurs. Skriftlike boarnen út it gebiet sels, lykas dizze stien, binne tige seldsum. Wat der is – bygelyks ek it ferneamde [[skriuwplankje fan Tolsum|taffeltsje fan Tolsum]] –, wiist derop dat de Friezen boeren wiene. Hja betellen de Romeinen belesting yn de foarm fan [[okse]]hûden. Hoe’t de ferhâlding tusken de Romeinen en de Friezen wie, is noch hieltiten net helder, mar it skriuwplankje fan Tolsum en de Hludana-stien binne wol bewizen fan ynfloeden fan de Romeinen yn de Fryske gebieten.
 
It ûnderwerp is opnommen yn de [[Kanon fan Fryslân]].