Hunebêd: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
"Hunebed_D14_eexterhalte.jpg" is op Commons fuorthelle JuTa om't: No source since 10 February 2016.
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 2:
 
==Hunebêden yn Nederlân==
Yn Nederlân binne noch 54 hunebêden, wêrfan't 52 yn de provinsje [[Drinte]]. De oare twa lizze yn de provinsje [[Grinslân]]. In skoft lang waard der tocht dat yn [[Gaasterlân]] yn Fryslân oerbliuwsels fûn wienen fan in hunebêd, mar út letter ûndersyk die bliken dat it om in saneamde [[stienkiste]] gie. Troch [[A.E. van Giffen]] waard yn de earste helte fan de [[20e iuw]] foar it earst strukturearre [[argeologyarcheology|argeologyskarcheologysk]] ûndersyk dien en oer it hunebêd publisearre.
 
In soad hunebêden binne yn de rin fan de iuwen fernield, meidat de stiennen brûkt waarden as boumateriaal foar wegen en huzen. In goed foarbyld is de Grutte Tsjerke yn [[Emmen]] dêr't foar it fûnemint fan de toer stiennen fan hunebêden brûkt binne. Ek binne guon hunebêden ferwoaste troch [[religy|religieuze]] fanaten yn earder tiden, omdat sy se as [[heiden]]ske bouwurken beskôgen.