Ida fan Bernisia: ferskil tusken ferzjes

omstav.
([[]] oars)
(omstav.)
'''Ida''' († ± [[559]]) is de earst bekende kening fan it [[Angelen|Angelske]] keninkryk [[Bernicia]]; hy regaerre fan om 547 hinne oant syn dea yn 559. Der is net folle bekend oer syn libben of regear, mat hy wurdt besjoen as de stifter fan in laach dêr't lettere [[Angelsaksen|Angelsaksyske]] keningen fan Noard-Ingelân en Súd-Skotlân fan sizze dat sy der fan ôfstamme. Syn neiteam befjochte mei súkses it [[Britten|Britske]] ferset en fêstige letter it machtige keninkryk [[Northumbria]].
 
Doe't Ida it bewâld fierde, wie de ynfloed fan Bernicia meast beheind ta de kriten oan de kust.<ref name="Fletcher25">Fletcher, s. 25.</ref> Earst yn de tiid fan [[Æthelfrith fan Northumbria|Æthelfrith]], Ida's pakesizzer, wreide it keninkryk him frijwat út nei it westen ta. Dit wurdt befestige troch ''Historia Brittonum'''s beskriuwing fan de fjochterij tusken de Bernisianen en de lânseigen Britten yn de kontrei, dy't trochgienen harren te fersetten, en guon argeologyskearcheologyske ûndersiken mear it binnenlân yn.<ref name=Fletcher25/>
 
{{boarnen|boarnefernijing=
17.653

bewurkings