Jan Mayen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 45:
It eilân waard net beset yn de [[Twadde Wrâldkriich]]. Doe't it Ingelske plan om it waarstasjon te besetten mislearre, waard de brân yn set troch de bemanning en yn 1940 ferliet men it eilân. Dochs kaam men yn 1941 werom, fersterke mei in kontingint Noarske soldaten en it waarstasjon hat dêrnei oant de ein fan de oarloch funksjonearre, nettsjinsteande geregelde loftoanfallen fan de Dútsers. Twa Dútske fleanmasines binne dêr delstoarten.
 
In fjouwermotorige bommenwerper ([[Focke Wulf Fw 200]] ''Condor'') mei njoggen man fleach yn 1942 yn mistich waar tsjin in berch flakby it garnizoen. Yn 1950 waard in oar tastel mei fjouwer manlju fûn troch Britske [[ArgeoloochArcheolooch|argeologenarcheologen]] oan de súdwestkant fan it eilân. De stoflike omskotten binne yn 1959 begroeven op in oarlochsbegraafplak te [[Narvik]].
 
Yn 1943 krigen de [[Feriene Steaten]] tastimming om in radio-lokaasjestasjon te fêstigjen; it waard oan de noardkant fan it eilân set en waard ''Atlantic City'' neamd. Har wichtichste taak wie it lokalisearjen fan geheime Dútske waar- en radiostasjons op [[Grienlân]].