Jever: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 30:
== Skiednis ==
[[Ofbyld:Jever Ostfriesland 1500.png|thumb|left|250px|In kaart mei it Hearskip Jever fan [[1500]]]]
ArgeologyskArcheologysk ûndersyk toant oan dat Jever in plak is dat stifte waard troch de [[Sjauken]] yn de [[Romeinske ryk|Romeinske Tiid]]. Yn de [[9e iuw]] waard Jever, en de rest fan [[Rjustringen]], it gebiet by Jever dat doe sa neamd waard, oan de [[Denemarken|Deenske]] kening Hariold jûn troch [[Loadewyk de Fromme]]. Yn de [[Midsiuwen]] wie Jever bekend ûnder de namme Geverae, wat ‘gerslân’ of, yn in oare omskriuwing, ek wol ‘plak fan it [[Thing]]’ betsjut. Yn dizze tiid waard Jever oan de hartoch fan [[Saksen]] jûn. Letter kaam it ek yn hannen fan de [[Welfen]] en [[Aldenboarch]].
 
Fan âlds wie Jever in wichtich plak. Yn de [[10e iuw|10e]] en [[11e iuw]] hie de stêd in grutte seehaven, dy’t nei ferrin fan tiid troch it slyk ticht gie. Dochs bleaun de stêd in wichtich hannelsplak en krige it yn [[1347]] [[stedsrjochten]].