Ferskil tusken ferzjes fan "Kahoölawe"

omstav.
(omstav.)
 
==Skiednis==
[[ArgeologyArcheology]]ske fynsten bewize dat Kahoölawe om it jier [[1000]] hinne foar it earst [[kolonisaasje|kolonisearre]] waard troch de lânseigen [[Hawaïanen|Hawaïaanske]] befolking, wêrfan't de earsten har 700 jier earder op 'e [[Hawaï-eilannen]] nei wenjen set hiene út súdliker kontreien fan [[Polyneezje]] wei. Iuwenlang waard it eilân regearre troch rivalisearjende ''[[ali‘i]]'' (haadlju), wêrby't in grut part fan it lân troch [[oarloch]] ferwuostge waard. Yn 'e twadde helte fan 'e [[achttjinde iuw]] waard Kahoölawe boppedat plondere troch [[Kamehameha de Grutte]], de kening fan it eilân [[Hawaï (eilân)|Hawaï]], by dy syn besykjen om it eilân [[Maui]] te feroverjen op [[Kahekili II]], de kening fan Maui.
[[File:Aerial-Makena-Molokini-Kahoolawe.jpg|right|thumb|250px|Kahoölawe (yn 'e fierte) sjoen fanôf [[Maui]].]]
 
[[File:Kahoolawe restoration work.jpg|left|thumb|250px|In [[yrrigaasje]]projekt op Kahoölawe om wer [[plant]]elibben op it eilân te krijen.]]
 
Under de [[Twadde Wrâldoarloch]] ([[1941]]-[[1945]]) waard Kahoölawe brûkt as opslachplak foar legerfoarrieden en treningslokaasje foar troepen. Teffens waard doe úteinset mei it gebrûk fan it eilân as oefenplak foar bombardeminten troch [[fleantúch|fleantugen]] fan 'e [[Amerikaanske Marine]]. Inselde rol spile Kahoölawe yn 'e fyftiger jierren ûnder de [[Koreaanske Oarloch]] en yn 'e sechtiger en santiger jierren ûnder de [[Fjetnamoarloch]]. Fan [[1976]] ôf focht de organisaasje ''Protect Kahoolawe Ohana'' it gebrûk fan it eilân foar militêre oefenings foar de [[rjochter]] oan. In útspraak út [[1977]] stie de marine ta om troch te gean mei de besjittings, mar tagelyk moast der in rapport opsteld wurde oangeande de ynfloed fan 'e bombardeminten op it [[miljeu]] en in list mei alle [[argeologyarcheology]]ske fynplakken fan Kahoölawe.
 
It krewearjen om Kahoölawe te befrijen fan 'e Amerikaanske Marine wie wichtich foar de opkomst fan in nij soarte aktivisme op [[Hawaï]], dat weromgriep op 'e lânseigen tradysjes, en sadwaande in protte wjerklang fûn by de lânseigen [[Hawaïanen]]. Under lieding fan [[Walter Ritte]] en mei stipe fan ferskate [[Yndianen|Yndiaanske]] stamme-organisaasjes fan it [[Feriene Steaten|Amerikaanske fêstelân]] waarden ferskillende protestaksjes ûndernommen. De bekendste dêrfan wie in besettingsaksje fan it oefengebiet, yn [[1976]], troch lânseigen Hawaïanen, [[jeropide ras|blanke]] [[miljeu]]-aktivisten en leden fan 'e [[Pûjallup Stamme fan Yndianen]] en de [[Mukkelsjût Yndianestamme]] út 'e [[Amerikaanske steat|steat]] [[Washington (steat)|Washington]], wêrby't twa aktivisten omkamen. It aktivisme droech yn [[1981]] frucht doe't it hiele eilân Kahoölawe opnommen waard yn it [[Amerikaansk Nasjonaal Register fan Histoaryske Plakken]], wêrmei't it ta in nasjonaal [[monumint]] waard. Lykwols giene de bombardeminten troch de marine troch oant presidint [[George H.W. Bush]] der yn [[1990]] in ein oan makke. Yn [[1993]] rjochte it [[Steatskongres fan Hawaï]] it [[Eilânreservaat fan Kahoölawe]] op, dat it hiele eilân omfiemet, mei in 3 km brede stripe [[see]] deromhinne.
17.651

bewurkings