Kleaster Ihlow: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
dochterkleasters
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 5:
It kleaster wie fan deselde oarder as [[Klaarkamp]] yn [[Rinsumageast]] (earder Ringesheim) by de feangebieten fan [[Moarrewâld]] (moarre=moar, fean of [[sompe]]). Kleaster Ihlow waard dan ek stifte nei in fersyk fan muontsen oan de abt fan Klaarkamp, mar dy liet it oer oan de abt fan [[Aduard]]. It kleaster hat fan grutte betsjutting west foar de [[feanterij]] yn dy kontreien.
 
Yn 1973 waard troch de [[Ostfriesische Landschaft]] (fergelykber mei de [[Fryske Akademy]]) begûn mei [[argeologyarcheology|argeologyskearcheologyske]] opgravings.<br>
Yn 1986 waarden de kontoeren fan de kleastertsjerke oanjûn mei in meter heech opmitsele bakstien.<br>
Yn 2005 waard begûn mei in rekonstruksje dy't yn 2009 syn beslach krige. De kontoeren fan de eardere kleastertsjerke binne sichtber makke troch reade stielen freems fan mear as 30 meter heech. De pylders wurde foarsteld as grutte spanten en it dak wurdt oanjûn mei fersinkte stielen balken. Mei in treptoer kin men nei boppe en oer in pear fuotgongersbrêgen nei de dakruter sadat it kleastergebiet oersjoen wurde kin. Yn de krypte is in permaninte tentoanstelling fan argeologyskearcheologyske fynsten: pylderfuotten, sulveren muntsjes. Yn de apsisromte hingje foarstellings fan sistersjenzer kleastertsjerken. Op it paad nei it kleasterplak hinget in baldakyn mei in tekst oer de [[Fryske Frijheid]]. It is makke troch keunsteneresse Monika Kühling.
 
{{boarnen|boarnefernijing=