Kola-skiereilân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 7:
 
==Skiednis==
De bewenning fan it Kola-skiereilân giet tebek oant mooglik it sânde milennium f.Kr. [[ArgeologyArcheology]]ske fynsten bewize dat der in ferskaat oan folken omhúsmanne hawwe moat, mar tsjin it earste milennium n.Kr. wiene dêrfan inkeld de [[Samen]] noch oer, dy't fierhinne fan 'e [[rindier]]hâlderij libben. Yn 'e [[tolfde iuw]] sette de [[kolonisaasje]] fan it kustgebiet troch Russyske [[Pomoaren]] útein, dy't har taleine op 'e [[fiskerij]] en de [[jacht (op bisten)|jacht]]. It skiereilân waard koarte tiid letter anneksearre troch de [[Republyk Novgorod]], ien fan 'e machtichste Russyske steaten út dy snuorje. Yn [[1471]] ferlear Novgorod it Kola-skiereilân lykwols oan it grutfoarstedom [[Moskoovje]], dat syn eigen kolonisten derhinne stjoerde. Yn 'e [[sechstjinde iuw]] soarge in konflikt mei [[Denemark]] (dêr't ek [[Noarwegen]] doe ta hearde) foar in fuortsterking fan 'e Russyske posysje op it skiereilân. Yn dyselde snuorje waarden sawol de Samen as de Pomoaren ta [[liifeigenskip|liifeigenen]] makke.
[[File:MurmanskHarbour.jpg|right|thumb|300px|De haven fan [[Moermansk]], de grutste stêd op it Kola-skiereilân.]]