Korbulo: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 7:
Yn [[47]] wie Korbulo ''[[legatus|legatus militus]]'' fan [[Neder-Germaanje]], in gebiet dat sawat oerien komt mei it hjoeddeiske Nederlân. Hy hie in protte súkses yn de oarloch tsjin de [[Germanen|Germaanske]] [[Sjauken]] en [[Friezen]], dy't troch him ferslein waarden. Dochs krige hy fan keizer Klaudius opdracht him werom te lûken efter de [[Ryn]], dy't sûnt dy tiid de grins ([[limes]]) fan it [[Romeinske Ryk]] mei de [[Germanen]] bleau.
 
Korbulo bewarre in strange tucht yn syn legers en sette syn soldaten oan it wurk troch harren it [[Kanaal fan Korbulo]] (yn it Latynsk: ''fossa Corbulonis'') útgrave te litten, dat de [[Maas]] mei de Ryn ferbûn. ArgeologyskeArcheologyske opgravings hawwe oantoand dat dit kanaal foar in part bewarre bleaun is yn it [[Fliet (Súd-Hollân)|Fliet]] tusken [[Leien]] (doe ''Matilo'') en [[Foarburch]] (destiids ''Forum Hadriany''). Yn [[1989]] waarden dêr by de oanlis fan de wyk ''Rietvink'' yn [[Leidschendam]] spoaren fan fûn.
 
Letter wie Korbulo mei in protte súkses befelhawwer by ferskate militêre aksjes yn it Easten. Yn [[58]] fersloech er [[Tiridates]], oermastere [[Armeenje]] en ferwoeste de haadstêd Artaksata. Hy promovearre ta gûverneur fan [[Syrje]]. Yn [[67]] waard hy lykwols slachtoffer fan Nearo syn paranoia. Hy krige opdracht him te melden yn [[Grikelân]], dêr't Nearo op keunstreis wie. By syn oankomst yn Cenchreae, in haven fan de Grykske stêd [[Korinte]], waard er opwachte troch twa boadskippers mei it berjocht dat Korbulo himsels fan kant meitsje moast, wat er die troch him yn syn swurd falle te litten.