Lâningte fan Korinte: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
 
Rigel 5:
Westlik fan de lâningte leit de [[Golf fan Korinte]], eastlik leit de [[Golf fan Egina]]. Skippen dy’t fan [[Attika]] nei de Golf fan Korinta farre woenen moasten de omwei om Peloponnes meitsje. Dizze rûte wie net allinnich lang, mar ek gefaarlik. In soad skippen hienen te lijen fan skipbrek op de rotseftige kusten fan de trije [[kaap|kapen]] yn it suden fan it [[skiereilân]]. Al yn de [[âldheid]] hie men betocht om in kanaal troch de lâningte te dollen om it probleem op te lossen. Yn de [[7e iuw]] nei Kristus waard begûn mei it dollen fan it kanaal, mar it slagge net troch technyske problemen. Ynstee dêrfan waard in [[falom]] makke, yn it [[Gryksk]] ''“diolkos”'' neamd. De falom lei yn it westen by it plak [[Poseidonia]] (no in bûtenwyk fan Korinte), súdlik fan it hjoeddeiske kanaal, en yn it easten by [[Schinous]], noardlik fan it kanaal. By Poseidonia binne noch hieltyd oerbliuwsels fan de falom te sjen. Ek yn de [[Romeinske Tiid]] waarden troch [[Julius Caesar]] en [[Tiberius]] besikings dien troch de lâningte te dollen. It duorre noch oant [[1893]] foar it Kanaal fan Korinte wier klear wie.
 
Lâns it kanaal rint in âld stienen paad, dat ea brûkt waard foar it lûken fan skippen. Der binne grutte soargen oer it yn stân hâlden fan it paad. Griken dy’t harren soargen meitsje oer de sitewaasje hawwe de Grykske oerheid frege mear te dwaan om it argeologyskearcheologyske paad te behâlden.
 
Fan [[408]] ôf besocht [[Theodosius II]] de lâningte ôf te sluten mei in muorre, de [[Hexamilion]], dy’t mei tuskenstoppen ta de ferovering fan it [[Despotaat Morea]] yn [[1460]] fan belang bliuwe soe.