Romeinen yn Fryslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 28:
Fan likernôch it jier 250 begûn it tal fan oanfallen troch Germanen de Ryn oer ta te nimmen. Oan de ein fan de tredde iuw waard it sa slim dat feitlik in grut kustgebied en in grut grinsgebiet frijjûn waarden as oarlochsgebiet: ynfallers waarden talitten mar waarden dan opfongen troch ienheden fan hynstemannen. It lân oan de kust waard ek fan minder belang troch de [[seestiging]]. Yn de fjirde iuw waard nochris besocht de grins mei nije forten te fersterkjen, mar ek dy koenen net stân hâlde. Mei ek noch ynterne problemen lûtsen de Romeinen fuort fan de grins mei de Friezen.
 
==ArgeologyskeArcheologyske fynsten==
Wat de fynsten oanbelanget dy't wize op Romeinske bewenning is de provinsje Fryslân suterich tabedele, útsein Romeinske munten en keapwaar dy't oeral wol fûn wurde. Allinnich by [[Winsum (Littenseradiel)|Winsum]] binne nochal wat spoaren fûn út de [[1e iuw]] dy't wize op de oanwêzigens fan Romeinen en rjocht dogge oan ferûnderstellings dat de Romeinen hjir in wachtpost hân hawwe dêr't sy kowehûdenbelêsting ynbarden. Wol binne der twa skriftlike boarnen fûn dy't eat sizze oer de Romeinske tiid. De earste is it [[Skriuwplankje fan Tolsum]] en twads is der de [[Hludana-stien]], dy't by ôfgravings fan in terp yn [[Bitgum]] yn [[1888]] fûn is. De ûnthjitstien is wijd oan de goadinne [[Hludane]], der wurdt in ferbân lein tusken de goadinne en de fiskerij. Troch de [[Latyn]]ske ynskripsje is te sjen dat de stien stammet út it begjin fan ús jiertelling. Skriftlike boarnen oer it eigen gebiet út de Romeinske tiid binne tige seldsum.