Skiednis fan Sina: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link GA template (handled by wikidata)
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 3:
 
== Prehistoarje ==
De earste [[Neolitikum|neolityske]] beskaving fan Sina wurdt troch argeologenarcheologen de [[Jang-sjau-kultuer]] neamd. Sy wienen de earste lânbouwers en wennen yn in goardel fan east nei west, ferspraat oer it meast súdlik lizzende diel fan de fruchtbere ''"hege löss-flakten"'' yn de tsjintwurdige provinsjes Sjansy, Sjensy en Kansoe. Sy beskikten al oer klean fan jute of syde, as ek oer alderlei soarten ierdewurken potten, beskildere of bewurke mei flechtwurk en hienen de [[barch]] en [[hûn]] domestisearre.
 
De folgjende fase yn de Sineeske skiednis is neamd nei [[Loen-sjan]], it plak dêr't as earste fynsten dyn binne fan dizze typyske kultuer. It skiep en rûnderen waard domestisearre en de ferbou fan [[rys]] dy syn yntree. Troch de fynsten fan ferskate soarten grêven docht bliken dat harren kultuer al sosjaal differentisearre wie. De Ljoe-sjan kultuer wurdt derom ek wol sjoen as de basis fan de earste [[histoarje|histoaryske]] beskaving fan de Sina, dy fan de [[Sjang]].