Skotsk-Gaelysk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 27:
 
==Skiednis==
Tradysjoneel waard tocht dat it Skotsk-Gaelysk yn Skotlân brocht wie troch de [[Gaelen]] dy't yn 'e [[sechsde iuw]] massaal fan Ierlân nei Skotlân ferfearen, en dêr in stikmannich lytse keninkrykjes op 'e eilannen en skiereilannen fan westlik Skotlân fêstigen dy't úteinlik mei-inoar ferraanden ta it ryk [[Dalriada]]. Resint ûndersyk hat dizze sjenswize lykwols yn twifel lutsen, mei't der gjin [[argeologyarcheology]]sk bewiismateriaal fûn is dy't op in Gaelyske ynfal of folksferhuzing wiist. ArgeoloochArcheolooch [[Ewan Campbell]] hâldt it der sadwaande op dat mei [[skipfeart]] en ûnderlinge hannel in al langer besteande Gaelyske [[kultuer]] oan wjerssiden fan it [[Noarderkanaal (Britske Eilannen)|Noarderkanaal]] ûnderstipe waard.
 
Oarspronklik moat der yn 'e [[Midsiuwen]] in [[dialektkontinuum]] west hawwe fan it Iersk fan noardlik Ierlân nei it Manksk en it Skotsk-Gaelysk, wêrby't it Manksk dan ek wer oansleat by it Skotsk-Gaelysk fan 'e Hebriden. Hoewol't de dialekten oan wjerskanten fan it [[Noarderkanaal (Britske Eilannen)|Noarderkanaal]], it smelste part fan 'e [[Ierske See]], no útstoarn binne, toane gegevens fan 'e midden fan 'e [[tweintichste iuw]] oan dat dy dialekten doe noch suver naadleas yninoar oergiene. Pas nei de [[tolfde iuw]] ûntjoech it Skotsk-Gaelysk him ta in selsstannige taal dy't net mear ûnderling fersteanber wie mei it Iersk of it Manksk. Troch de politike uny tusken Dalriada en it keninkryk fan 'e [[Pikten]], dy't yn [[843]] sletten waard, koe it Skotsk-Gaelysk him úteinlik ûntjaan ta de nasjonale taal fan Skotlân, wêrby't it it [[Piktysk]] yn it easten en noardeasten en it nau oan it [[Welsk]] besibbe [[Kumbrysk]] yn it súdwesten ferkrong.