Will Eisner: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 5:
Eiser wie de soan fan [[Joaden|Joadske]] ymmigranten. Hy gie nei De Witt Clinton High School en learde foar dekorûntwerper. Op skoalle wurke hy mei oan de skoalkrante, hy wie fan doel om letter foar it teater oan it wurk te gean. Lykwols fûn hy nei syn ôfstudearjen wurk as reklameskriuwer-(strip)tekener by de ''New York American newspaper''.
 
Yn 1936, brocht in oare striptekener [[Bob Kane]], dy't letter de stripheld [[Batman]] betocht, Eisner der ta om strips te tekenjen en dy te ferkeapjen oan it nij stripmagazine "Wow, What Magazine!". "Comic books" wiene yn dy tiid grutte samlings fan opnij printe comics dêr't sûnt om-en-de-by 1935 sa no en dan nij stripeftich materiaal yn opnommen waard. Redakteur Jerry Iger kocht fan Eisner syn avontuurstrip 'Scott Dalton', in held yn de styl fan H. Rider Haggard dy't de hiele wrâld oer reizge op syk nei seldsume [[Artefakt (argeologyarcheology)|artefakten]].
 
Yn de fyftiger jierren waard Eisner ferneamd as tekener fan rige ''The Spirit'', dy't alle wiken as krantebylage fan acht siden ferskynde en hannele oer in superheld sûnder spesjale jeften. De maskerde held dy't syn haadkertier hat ûnder de grêfstien fan Denny Colt (syn eigentlike idintiteit) belibbet tsjustere aventoeren yn de stêd (basearre op foarfallen út Eiser syn eigen jeugd yn de Joadske wyk fan New York). De rige hie in sterke wikselwurking mei en ynfloed op de tsjustere (''"film noir"'') films út dy tiid. De rige befettet neist geweld en drama, in soad humor - sawol subtyl as hiel plat. De held wurdt delsketten, yn elkoar slein, wit betiden net wat er sizze moat en rekket betize troch de bysûndere froulju dy't er tsjinkomt.