Willem Barents: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 18:
De oerbliuwsels fan it Behâlden Hûs wienen lykwols al wat earder fûn yn [[1871]] troch de Noarske walfiskfarder [[Elling Carlsen]] en dêrnei troch de Brit [[Charles Gardiner]], dy't yn [[1876]] it Behâlden Hûs letterlik ôfbruts, sykjend nei spoaren. Russyske wittenskippers dy't letter it stee besochten melden dat er sawat neat mear fan oer wie. De fynsten dy't sy dienen waarden meinaam en ferkocht oan Nederlânske musea.
 
Nei de fal fan de Sowjet-Uny yn [[1989]] hawwe nije argeologyskearcheologyske ekspedysjes it fynplak opnij ûndersocht. By de earste wie de [[Ryksuniversiteit Grins]] belutsen ûnder lieding fan Louwrens Hacquebord fan it [[Arctisch Centrum]] en by de twadde en tredde it [[Ryksmuseum Amsterdam|Ryksmuseum]] en de [[Universiteit fan Amsterdam]]. Dy ekspedysjes hawwe laat ta nije belangstelling foar Barents yn Nederlân.
 
Bartents jildt as de bekendste ûntdekkingsreizger fan Fryske komôf.