Yndianen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link GA template (handled by wikidata)
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 7:
 
== Sintraal-Amerikaanske Yndianen ==
Sintraal-Amearika ([[Meksiko]] oant en mei [[Panama]]) wurdt troch [[ArgeoloochArcheolooch|argeologenarcheologen]] en historisy opdield yn twa haadgebieten, Meso-Amearika (besteande út it sintrale en súdlik part fan [[Meksiko]], [[Belize]], [[Gûatemala]], [[El Salvador]] en parten fan [[Hondûras]], [[Nikaragua]] en [[Kosta Rika]] ) en Sintraal-Amearika (de moderne steat Panama en grutte parten fan Kosta Rika, Nikaragua en Hondûras).
 
Meso-Amearika is it lân fan ferneamde folken lykas de [[Azteken]] en de [[Maya's]]. Teffens is it ien fan de seis gebieten op de wrâld (de oare binne de sintrale Andes, [[Egypte]], [[Mesopotaamje]], de [[Indusdelling]] en [[Sina]]) dêr't tige iere technologysk komplekse kultueren ûntstien binne. De measte minsken wennen hjir yn stêden of wienen boer. Midden-Amearika waard lange tiid sjoen as "oergongsgebiet" tusken de "hege kultueren" fan Meso-Amearika en de [[Andes]]. Dêrom waarden Kolombia en Ekuador der ek gauris by rekkene. Tsjintwurdich stiet Sintraal-Amearika mear op himsels en krijt it in eigen plak yn de ynhiemske skiednis. Ek hjir wennen oarspronklik benammen boeren.