Yndo-Jeropeeske talen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 28:
 
===Oarsprong===
Oer de oarsprong fan 'e Yndo-Jeropeeske talen binne [[taalkundige]]n en [[argeoloocharcheolooch|argeologenarcheologen]] it noch net iens. De teory dy't de measte oanhingers hat, is dat it [[Proto-Yndo-Jeropeesk]], de taal dêr't alle Yndo-Jeropeeske talen op weromgeane, oarspronklik sprutsen waard yn 'e [[Koeban (regio)|Koeban]], it gebiet benoarden de [[Kaukasus]], en yn 'e [[Kaspyske Leechflakte]], en dat de Yndo-Jeropeeske folken har fan it fjirde milennium f.Kr. ôf dêrwei ferspraat hawwe oer [[Jeropa]], it [[Heine Easten]] en it [[Yndiaaske subkontinint]]. Dit wurdt de [[Kurgan-hypoteze]] neamd, en waard foar it earst foarsteld troch de [[Litouwen|Litousk]]-[[Feriene Steaten|Amerikaanske]] argeologearcheologe [[Marija Gimbutas]], yn 'e jierren fyftich fan 'e [[tweintichste iuw]].
 
Party saakkundigen hingje lykwols de saneamde [[Anatoalyske teory]] oan, dy't de Britske argeoloocharcheolooch [[Colin Renfrew]] yn [[1987]] formulearre. Dêryn wurdt steld dat de ''Urheimat'' (it oarspronklike wengebiet) fan 'e Yndo-Jeropeänen [[Anatoalje]] (oftewol [[Lyts-Aazje]]) wie. Fierders foel neffens dizze teory de fersprieding fan 'e Yndo-Jeropeeske talen gear mei de fersprieding fan 'e [[lânbou]] yn it [[Neolitikum]] (it lêste stadium fan 'e [[Stientiid]]), en begûn dy dus om 7.000 f.Kr. hinne, ferskate milennia earder as dat de Kurgan-hypoteze hawwe wol. Dizze teory hat minder oanhingers, mar waard yn [[2003]] al ûnderstipe troch de [[biotaalkunde|biotaalkundige]] resultaten út it ûndersyk fan [[Russell Gray]], dy't foar de tiid fan 'e fersprieding op earne tusken 7.800 en 5.800 f.Kr. útkamen.
[[File:IE expansion.png|thumb|right|250px|De migraasjeweagen fan Yndo-Jeropeeske folken tusken 4.000 en 1.000 f.Kr., neffens de [[Kurgan-hypoteze]].]]
 
Rigel 88:
Guon taalkundigen hawwe útsteld dat de Yndo-Jeropeeske supertaalfamylje sels ek wer in tûke is fan in noch gruttere [[taalfamylje]]. De bekendste fan dizze hypotetyske taalfamyljes is de saneamde [[Nostratyske talen|Nostratyske taalfamylje]], dy't yn [[1903]] foarsteld waard troch de [[Denemark|Deenske]] taalkundige [[Holger Pedersen]]. Behalven de Yndo-Jeropeeske talen soene dêrta ek hearre moatte: de [[Afro-Aziatyske talen]] ([[Arabysk]], [[Hebriuwsk]], ensfh.); de [[Dravidyske talen]] ([[Tamyl (taal)|Tamyl]], [[Telûgû (taal)|Telûgû]], ensfh.); de [[Oeralyske talen]] talen ([[Finsk]], [[Hongaarsk]], ensfh.); de [[Altayske talen]] ([[Turksk]], [[Mongoalsk]], ensfh.); en de [[Súdkaukazyske talen]] ([[Georgysk]], ensfh.).
 
De Nostratyske teory is lykwols tige kontroversjeel, krekt as de soartgelikense [[Jeraziatyske talen|Jeraziatyske teory]] fan [[Joseph Greenberg]] en de [[Pontyske talen|Proto-Pontyske]] fan [[John Colarusso]]. Dat wol net sizze dat dy teoryen net op wierheid berêste kinne. Krektoarsom, gjin taal ûntstiet út it neat, dus ek [[Proto-Yndo-Jeropeesk]] net. Dy oertaal dêr't alle Yndo-Jeropeeske talen fan ôfstamje, moat sels ek wer earne fan ôfstamme wêze. It probleem is allinne dat men dêrfoar safier werom yn 'e tiid moat, dat der gewoan gjin brûkbere bewizen te finen binne – itsij taalkundige, itsij argeologyskearcheologyske – om in teory te ûnderstypjen.
 
== Taalferliking ==