St. Paul (Minnesota): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
L + stoarn yn, +stikje red
Rigel 19:
Webside= [http://www.stpaul.gov/ www.stpaul.gov]|
}}
[[OfbyldFile:SPRC.png|left|thumb|250px200px|De lizzing fan St. Paul yn 'e steat [[Minnesota]].]]
[[OfbyldFile:ComoplantIndian Mounds park.jpg|left|200px|thumb|250px|DeIn ''[[Como Park Zoo and ConservatoryYndianen|Yndiaanske]]'' is in [[dieretúngrêfheuvel]] enyn [[botanyskeIndian tún]]Mounds dy't fergees tagonklik isPark.]]
[[File:Saint Paul-2005-10-27.jpg|left|200px|thumb|Ferkear op 'e westlike tagongswei ta St. Paul.]]
'''St. Paul''' of '''Saint Paul''' (útspr.: [se:nt pɔ:l], likernôch: "seent pôl"; [[Frysk]]: Sint-Paulus) is de [[haadstêd]] en de op ien nei grutste stêd (nei [[Minneapolis]]) fan 'e noardlike [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Minnesota]]. Dêrnjonken is it ek it haadplak fan [[Ramsey County (Minnesota)|Ramsey County]]. St. Paul leit yn it súdeasten fan Minnesota, likernôch 400 km besuden de [[Kanada|Kanadeeske]] grins, oan 'e eastigge fan 'e rivier de [[Mississippy (rivier)|Mississippy]]. Mei it op 'e westigge leine Minneapolis foarmet St. Paul in dûbelstêd, de agglomeraasje [[Minneapolis-St. Paul]], dy't better bekend is ûnder de oantsjutting ''the Twin Cities'' ("de Twillingstêden"). Neffens in offisjele skatting út [[2012]] hat St. Paul goed 290.000 ynwenners, dy't Sint-Pauliten neamd wurde. De stêdekloft dy't foarme wurdt troch St. Paul, Minneapolis en harren foarstêden en ferstedske omkriten hat in befolking fan rom 3,4 miljoen minsken.
 
Line 30 ⟶ 31:
Yn [[1841]] arrivearre de preester [[Lucian Galtier]] yn Pig's Eye, dy't stjoerd wie ta geastlike soarch fan 'e [[roomsk-katolisisme|roomske]] Frânsktalige Kanadezen. Hy boude in kapel dy't er neamde nei syn favorite [[hillige]], de [[apostel]] [[Paulus (apostel)|Paulus]], en bewurkmastere dat it hiele stedsje dy namme oannaam. Sadwaande wurdt 1841 yn 'e regel beskôge as it jier dat St. Paul stifte is. Yn [[1849]], doe't it territoarium Minnesota foarme waard, waard St. Paul oanwiist as haadplak. Yn [[1854]] krige it de status fan stêd. Doe't de territoriale folksfertsjintwurdiging yn [[1857]] besleat om 'e haadstêd te ferpleatsen nei [[Saint Peter (Minnesota)|Sint-Peter]], waard it iennichste eksimplaar fan 'e papierrene tekst fan 'e oannommen wet stellen troch it territoriaal parlemintslid [[Joe Rolette]], dy't dermei ûnderdoek, sadat de ferpleatsing fan 'e haadstêd gjin trochgong fine koe.
 
Yn 'e twadde helte fan 'e [[njoggentjinde iuw]] fungearre St. Paul as de poarte ta de [[Amerikaanske frontier|''frontier'']] fan Minnesota en ta it [[Dakota-territoarium]], mei't it de lêste stêd oan 'e bopperin fan 'e Mississippy wie dy't de steamboaten noch oandwaan koene (om't de hege rivierkliffen de rivierwâlen streamop ûntagonklik makken). Yn dy snuorje stie de St. Paul ek wol bekend as "De Lêste Stêd fan it Easten". Op [[20 augustus]] [[1904]] rjochte slim [[swierwaar]], mank geand mei ferskate [[tornado|tornado's]], yn 'e binnenstêd fan St. Paul foar $1,8 miljoen (yn hjoeddeisk jild $45,5 miljoen) oan skea oan. Oan 'e ein fan 'e [[Fietnamoarloch|Fjetnamoarloch]], mids jierren santich, setten tsientûzenen [[Hmong (folk)|Hmong]]-flechtlingen út [[Fietnam|Fjetnam]] en [[Laos]] (dy't de Amerikanen yn 'e oarloch stipe hiene) harren nei wenjen yn St. Paul. Yn [[2004]] makken de Hmong 10% fan 'e befolking fan 'e stêd út.
[[Ofbyld:2006 WCHA Final Five.jpg|left|thumb|250px|In [[iishockey]]wedstryd yn it ''[[Xcel Energy Center]]''.]]
[[File:Minnesota State Capitol.jpg|left|250px|thumb|It Steatskapitoal fan [[Minnesota]] yn St. Paul.]]
Yn 'e twadde helte fan 'e [[njoggentjinde iuw]] fungearre St. Paul as de poarte ta de [[Amerikaanske frontier|''frontier'']] fan Minnesota en ta it [[Dakota-territoarium]], mei't it de lêste stêd oan 'e bopperin fan 'e Mississippy wie dy't de steamboaten noch oandwaan koene (om't de hege rivierkliffen de rivierwâlen streamop ûntagonklik makken). Yn dy snuorje stie de St. Paul ek wol bekend as "De Lêste Stêd fan it Easten". Op [[20 augustus]] [[1904]] rjochte slim [[swierwaar]], mank geand mei ferskate [[tornado|tornado's]], yn 'e binnenstêd fan St. Paul foar $1,8 miljoen (yn hjoeddeisk jild $45,5 miljoen) oan skea oan. Oan 'e ein fan 'e [[Fietnamoarloch|Fjetnamoarloch]], mids jierren santich, setten tsientûzenen [[Hmong (folk)|Hmong]]-flechtlingen út [[Fietnam|Fjetnam]] en [[Laos]] (dy't de Amerikanen yn 'e oarloch stipe hiene) harren nei wenjen yn St. Paul. Yn [[2004]] makken de Hmong 10% fan 'e befolking fan 'e stêd út.
 
== St. Paul hjoed de dei ==
Line 38 ⟶ 39:
==Demografy==
Neffens in skatting fan it [[Amerikaanske Folkstellingsburo]] (op basis fan gegevens fan 'e folkstelling fan [[2010]]) hie St. Paul yn [[2012]] krapoan 291.000 ynwenners. Dat is in weromgong fan goed 20.000 minsken sûnt [[1960]], doe't de stêd noch in befolking fan mear as 313.000 minsken hie. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan [[2010]] wie doe fan 'e befolking fan St. Paul 9,0% âlder as 65 jier en 25,1% jonger as 18 jier. Fierders bestie 46,2% fan 'e húshâldings út [[ienpersoanshúshâlding|ien persoan]].
[[File:Comoplant.jpg|right|thumb|250px|De [[Como Park Zoo and Conservatory]] is in [[dieretún]] en [[botanyske tún]] dy't fergees tagonklik is.]]
 
Wat de [[etnyske groep|etnyske]] opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn [[2010]] sa: 55,9% [[jeropide ras|blanken]]; 15,7% [[negroïde ras|swarten]]; 15,0% [[Aazje|Aziaten]]; 9,6% [[Latino's yn Noard-Amearika|Latino's]]; 1,1% [[Yndianen]]; 2,7% oaren of fan mingd etnysk komôf. Foar de blanke ynwenners binne de grutste oarsprongsgroepen de [[Dútsers]] (26,4% fan 'e totale stedsbefolking), [[Ieren (folk)|Ieren]] (13,8%), [[Noaren (folk)|Noaren]] (8,4%), [[Sweden (folk)|Sweden]] (7,0%) en [[Ingelsen]] (6,2%). Der wennet ek in opfallend grutte mienskip fan resinte [[Afrika]]anske [[ymmigrant]]en yn St. Paul, wêrûnder in grutte groep [[Somaliërs]].
 
It grutste part fan 'e befolking fan St. Paul bestiet út [[kristendom|kristenen]], mar der wenje ek oansjenlike [[joadendom|joadske]] en [[islam]]ityske mienskippen yn 'e stêd. Fierders wurdt St. Paul wol 'Paganistan' neamd fanwegen it grutte oantal [[wikka|wikka-oanhingers]] en oare [[modern heidendom|Westerske heidens]].
[[OfbyldFile:2006 WCHA Final Five.jpg|leftright|thumb|250px|In [[iishockey]]wedstryd yn it ''[[Xcel Energy Center]]''.]]
 
===Berne yn St. Paul===
<!---dizze opsomming stiet op folchoarder fan bertejier--->
* [[Frank Loomis]] (1896), atleet
* [[Lytse Krie]] (1810-1863), [[Dakota (folk)|Dakota]]-[[opperhaad]]
* [[Winslow Briggs]] (1928), botanikus
* [[JerryF. JuhlScott Fitzgerald]] (19381896-1940), [[skriuwer]] fan 'e ''Muppets''-films en -rigen
* [[SusanFrank BluLoomis]] (19481896-1971), stimaktrise[[atleet]]
* [[ChadWinslow SmithBriggs]] (19611928), drummer fan ''[[The Red Hot Chili Peppersbotanikus]]''
* [[Jerry Juhl]] (1938), [[senarioskriuwer]] fan 'e ''Muppetshow''
* [[Tom Malchow]] (1976), swimmer
* [[Loni Anderson]] (1945), [[aktrise]]
* [[Susan Blu]] (1948), [[stimaktrise]]
* [[Chad Smith]] (1961), [[drummer]] fan ''[[The Red Hot Chili Peppers]]''
* [[Tom Malchow]] (1976), [[swimmer]]
* [[Lindsey Vonn]] (1984), [[skyen|skyster]]
 
===Stoarn yn St. Paul===
<!---dizze opsomming stiet op folchoarder fan stjerjier--->
* [[Samuel D. Sturgis]] (1822-1889), [[militêr]]
 
==Klimaat==