Sekretaris: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L red
Rigel 1:
In '''sekretaris''' of '''siktaris''' is immen dy't belêstge is mei de ferslachlizzing as lid fan it deistich bestjoer fan in [[organisaasje]], lykas in [[feriening]], [[stifting]], [[kommisje]], [[komitee]], [[politike partij]], [[ynternasjonale organisaasje]] of [[steat]]. Yn it meast gongbere gebrûk fan dizze term giet it om in funksje yn it bestjoer fan in lytsskalige organisaasje, lykas in [[feriening foar doarpsbelang]] of in [[biljerten|biljertklub]]. By sokke organisaasjes bestiet it deistich bestjoer út in [[foarsitter]], in sekretaris, in [[skathâlder]] en eventueel in [[fise-foarsitter]] en ferskate algemiene leden. By formele [[gearkomste]]n sit de sekretaris rjochts fan 'e foarsitter. It wurd 'sekretaris' komt út it [[Latyn]] en betsjut letterlik "geheimhâlder'. Fan dit wurd bestiet yn it [[Frysk]] gjin [[frou]]like foarm; [[sekretaresse]] of siktaresse is gjin froulike sekretaris, mar in [[administraasje|administrative]] funksje dy't neat te krijen hat mei bestjoer.
 
Binnen lytsskalige organisaasjes hat de sekretaris as taak om [[notulen]] te meitsjen fan [[gearkomste]]n. Ek it skriuwen fan [[brief|brieven]] en útnûgings heart ta syn wurk. Tsjintwurdich is de sekretaris fierders faak de kontaktpersoan fan syn organisaasje foar binnenkommende [[e-mail]]berjochten dy't rjochte binne oan it bestjoer as gehiel, en fersoarget er dêrnjonken yn 'e regel ek it útgeande e-mailferkear. De sekretaris hâldt de [[lid (persoan)|lede]]-administraasje by, soarget dat de organisaasje him [[wet]]lik goed hâldt en draacht troch feroarjende [[wet]]jouwing op te folgjen en faak riedt er ek de gearkomsten ta en/of hâldt er de opfolging fan 'e besluten yn 'e rekken, hoewol't dat ek troch de [[foarsitter]] dien wurde kin. Soms wurde de funksjes fan in sekretaris kombinearre mei dy fan in [[skâthâlder]], ta in 'sekretaris-skathâlder'.
 
Der besteane ferskate spesifikere foarmen fan sekretarissen: