Ferskil tusken ferzjes fan "Plysje"

2 bytes lytser ,  4 jier lyn
L
[[]] oars
L (plaatsje)
L ([[]] oars)
Yn (Jeropeesk) [[Nederlân]] wie de plysje fan [[1945]] oant [[1993]] opdield yn twa ferskillende organisaasjes, de [[gemeenteplysje]] en de [[ryksplysje]]. Fanôf [[1993]] is der noch mar ien, lanlike organisaasje, dy't oant [[2013]] opboud wie út 25 regiokorpsen en in [[Korps Lanlike Plysjetsjinsten]] (KLPD). Per [[1 jannewaris]] [[2013]] waard de plysje reorganisearre, sadat der doe ien [[plysje yn Nederlân|lanlik plysjekorps]] ûntstie, mei 10 regionale ienheden, in lanlike Ienheid en twa ûnderstypjende tsjinsten yn 'e foarm fan in plysjetsjinstesintrum en de stêf fan 'e korpslieding. Dêrnjonken hat [[Karibysk Nederlân]] it eigen [[Korps Plysje Karibysk Nederlân]].
 
De plysje stiet by de hanthavening fan 'e iepenbiere oarder en by de útfiering fan 'e helpferlieningstaken ûnder it gesach fan 'e pleatslike [[boargemaster]]. As de plysje strafbere feiten ûndersiket en de dieders opspoart, stiet er ûnder it gesach fan 'e [[ofsier fan justysje]] (of, yn it gefal fan Karibysk Nederlân, ûnder it gesach fan 'e mienskiplike prokureur-generaal fan [[Kurasau]], [[Sint-Marten (lân)|Sint-Marten]] en [[Karibysk Nederlân]]). De [[Keninklike MaresjausseeMaresjesee]], dy't ressortearret ûnder it [[Nederlânsk Ministearje fan Definsje|ministearje fan Definsje]], kin fanwegen syn publyklike plysjetaken ek as in plysjekorps beskôge wurde.
 
==Sjoch ek==