Adjudant (rang): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L red
Rigel 1:
{{Of|de militêre rang adjudant|de funksje|adjudant (funksje)}}
In '''adjudant''' is in [[ûnderofsier]] yn 'e nasjonale [[kriichsmacht]] fan in soad [[lân|lannen]]. Dizze [[militêre rang|rang]] komt foar by de [[lânmacht]], de [[marine]], de [[loftmacht]], de [[maresjesee]] en de [[mariniers]] (koartom, alle kriichsmachtsûnderdielen). By lânmacht, marine, loftmacht en maresjesee hjit dizze rang folút: '''adjudant-ûnderofsier''', en by de mariniers: '''adjudant-marinier'''. De oansprektitel is yn beide gefallen "adjudant", mar by de Operasjonele Tsjinst en Nautyske Tsjinst fan 'e marine wurdt om [[skiednis|histoaryske]] redens de oansprektitel "opperskipper" (of "oerskipper") brûkt.
 
De boppelizzende rang is by de loftmacht en it grutste part fan 'e lânmacht [[faandrich]] en by de maresjesee en de lânmachtwapens fan 'e [[kavalery]] en de [[artillery]] is it [[kornet (rang)|kornet]]. By de marine is de boppelizzende rang [[luitenant-op-see 3e klasse]] en by de mariniers [[twadde luitenant]]. Direkt ûnder de rang fan adjudant stiet de [[sersjant-majoar]] of by de kavalery, artillery en maresjesee de [[opperwachtmaster]]. Dêrmei is adjudant de heechste [[ûnderofsier]]srang.