Korporaal: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L korr
Rigel 1:
In '''korporaal''' is yn 'e [[militêr]]e hierargy in [[militêre rang|rang]] dy't tusken de [[ûnderofsier]]en en de sljochtwei [[soldaat|soldaten]] yn sit. Soms wurdt de korporaal ta de ûnderofsiersrangen rekkene, mar formeel heart er dêr net ta. De rang fan korporaal komt foar by de [[lânmacht]], de [[marine]], de [[loftmacht]] en de [[marinier]]s. By de mariniers is de formele namme fan 'e rang '''korporaal-marinier'''. By de lânmacht en de loftmacht besteane twa gradaasjes: de (hegere) '''korporaal 1e klasse''' en de (legere) '''korporaal'''. By de [[maresjesee]] binne de ekwivalinte rangen '''maresjesee 1e klasse''' en '''maresjesee 2e klasse'''. De oansprektitel foar sawol in korporaal 1e klasse, in korporaal-marinier as in korporaal is "korporaal", útsein by de Operasjonele Tsjinst en Nautyske Tsjinst fan 'e marine, dêr't om [[skiednis|histoaryske]] redens de oansprektitel "kertiermaster" brûkt wurdt.
 
De boppelizzende rang is [[sersjant]], behalven by de [[kavalery]] en [[artillery]], dêr't it [[wachtmaster]] is. De ûnderlizzende rang is [[soldaat 1e klasse]] by it grutste part fan 'ede lânmacht en by de loftmacht; [[huzaar 1e klasse]] by de kavalery; [[kanonnier 1e klasse]] by de artillery; [[matroas 1e klasse]] by de marine; en [[marinier 1e klasse]] by de mariniers. It wurd 'korporaal' is yn 'e [[sechstjinde iuw]] oan it [[Frânsk]] ûntliend, dêr't njonken ''corporal'' ek de foarm ''caporal'' bestie. Dy kaam wer fan it [[Italjaansk]]e ''caporale'', in lytse ''capo'' ("haad"), oftewol de oanfierder fan in lyts groepke soldaten. Uteinlik giet ''capo'' wer werom op it [[Latyn]]ske ''caput'', dat sawol "haad" as "holle" bestjut.
 
==Skematysk oersjoch==