Loftmacht: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L [[]] oars
 
Rigel 1:
[[File:Usaf.f15.f16.kc135.750pix.jpg|right|thumb|250px|Fjouwer [[strieljager]]s en in [[tankerfleantúch]] fan 'e [[Amerikaanske Loftmacht]].]]
{{Of|it begryp 'loftmacht' yn it algemien|de Nederlânske loftmacht|Keninklike Loftmacht}}
In '''loftmacht''' is dat diel fan 'e [[kriichsmacht]] fan in [[lân|steat]], dat him taleit op it fjochtsjen yn of fanút de [[loft]]. Dêrby wurdt gebrûk makke fan [[gefjochtsfleantúch|gefjochtsfleantugenstrieljager]]s, [[bommesmiter]]s, [[helikopter]]s en oarsoartige [[fleanmasine]]s. Njonken de beneaming 'loftmacht' wurdt nei dit diel fan 'e striidkrêften ek wol ferwiisd mei de term it '''loftwapen'''. De namme fan 'e [[Dútslân|Dútske]] loftmacht, de [[Luftwaffe]], betsjut ek letterlik "loftwapen". It is in wiidferspraat misferstân dat in loftmacht foar it meastepart út [[piloat]]en bestiet; fierwei it grutste diel fan it loftmacht wurdt nammentlik opmakke út grûnpersoneel dat nea of frijwol nea yn 'e loft komt.
 
By de measte (mar net alle) kriichsmachten wurdt der organisatoarysk ûnderskie makke tusken de [[lânmacht]], de [[marine]] (of seemacht) en de loftmacht, en binne dat ûnderdielen dy't grutdiels ûnôfhinklik faninoar operearje. It doel fan in loftmacht is om it loftrom fan it eigen lân te ferdigenjen en dêrby de oare kriichsmachtûnderdielen te ûnderstypjen. Yn it gefal fan in oanfalsoarloch is it doel om 'e loftmacht fan 'e fijân út te skeakeljen en oare [[strategy]]ske en [[taktyk|taktyske]] [[bombardemint]]en út te fieren. De eardere [[Sovjet-Uny]] hie twa ferskillende loftmachten, wêrfan't de iene him talei op loftferdigening, wylst de oare tawijd wie oan oanfalstaken. Yn lannen dy't oer [[atoombom|nukleêre wapens]] beskikke, binne dy yn 'e regel ek by de loftmacht yndield.