Premier: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 1:
In '''premier''' (útspr.: [prə'mje:], "prumjee") is in [[regearingslieder]] dy't gjin [[steatshaad]] is. It wurd komt fan it [[Frânsk]]e ''premier ministre'', dat "[[earste minister]]" betsjut, mei oare wurden: de [[minister]] dy't oan it haad fan it [[kabinet]] stiet. De plakferfanger fan in premier is in [[fise-premier]]. Yn [[Nederlân]] en it grutste part fan 'e wrâld wurde de termen 'premier' en '[[minister-presidint]]' (letterlik: "foarsittend minister") as [[synonym|synonimen]] brûkt. Yn beskate [[lân|lannen]] bestiet der lykwols ûnderskie tusken dy beide funksjes. Dêrby is de minister-presidint dan de lieder fan it nasjonale regear, wylst de premier oan it haad stiet fan it regear fan in [[dielsteat]] of [[provinsje]].
 
Sa'n sitewaasje bestiet bgl. yn [[Kanada]], [[Austraalje (lân)|Austraalje]] en [[Súd-Afrika]]. Ek op it [[Feriene Keninkryk]] is soks fan tapassing, dêr't de lieders fan 'e [[autonomy|autonome]] regearings fan [[Skotlân]] en [[Wales]] foar premier oanmurken wurde en de lieder fan it [[Grut-Brittanje|Britsk]]e regear as minister-presidint oantsjut wurdt. In oar foarbyld is [[Belgje]], dêr't de lieders fan 'e [[gewest (Belgje)|gewesten]] en de [[mienskip (Belgje)|mienskippen]] foar premier trochgeane en de lieder fan it federale regear foar minister-presidint. Yn [[Dútslân]] en [[Eastenryk]] bestiet in ferlykbere sitewaasje, wêrby't de regearingslieders fan 'e ûnderskate bûnslannen as premier betitele wurde, al sprekt men dêr foar de lieder fan it federale regear net fan minister-presidint, mar fan [[bûnskânselier]].
 
Krekt oarsom is it yn [[Belgje]], dêr't de lieders fan 'e [[gewest (Belgje)|gewesten]] en de [[mienskip (Belgje)|mienskippen]] foar minister-presidint trochgeane en de lieder fan it federale regear foar premier. Yn [[Frankryk]] leit it spul justjeswer oars. Dêr wurdt de term 'premier' (''premier'') brûkt foar it haad fan it nasjonale regear as der sprake is fan [[kohabitaasje]], dat wol sizze, as de regearingslieder fan in oare [[politike partij]] is as de [[presidint]]. Wurde dy beide posten beklaaid troch lju fan deselde politike kleur, dan sprekt men foar de regearingslieder fan 'earste minister' (''premier ministre'').
 
==Sjoch ek==