Premier: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
L red
Rigel 1:
In '''premier''' (útspr.: [prə'mje:], "prumjee") is in [[regearingslieder]] dy't gjin [[steatshaad]] is. It wurd komt fan it [[Frânsk]]e ''premier ministre'', dat "[[earste minister]]" betsjut, mei oare wurden: de [[minister]] dy't oan it haad fan it [[kabinet]] stiet. De plakferfanger fan in premier is in [[fise-premier]]. Yn [[Nederlân]] en it grutste part fan 'e wrâld wurde de termen 'premier' en '[[minister-presidint]]' (letterlik: "foarsittend minister") as [[synonym|synonimen]] brûkt. Yn beskate [[lân|lannen]] bestiet der lykwols ûnderskie tusken dy beide funksjes. Dêrby is de minister-presidint dan de lieder fan it nasjonale regear, wylst de premier oan it haad stiet fan it regear fan in [[dielsteat]] of [[provinsje]].
 
Sa'n sitewaasje bestiet bgl. yn [[Kanada]], [[Austraalje (lân)|Austraalje]] en [[Súd-Afrika]]. EkDe opregearingslieder itfan bygelyks de provinsje [[FerieneAlberta]] Keninkrykof de steat [[Queenslân]] is soksdus fanin tapassing,premier dêr('t'premier''), wylst de lieders fan 'e [[autonomy|autonome]]federale regearings fan [[Skotlân]]Kanada en [[Wales]]Austraalje foar premier oanmurkenoantsjut wurde en de lieder fan it [[Grut-Brittanje|Britsk]]e regear as minister-presidint oantsjut(''prime wurdtminister''). Yn [[Dútslân]] en [[Eastenryk]] bestiet in ferlykbere sitewaasje, wêrby't de regearingslieders fan 'e ûnderskate bûnslannen, lykas [[Noardrynlân-Westfalen]] of [[Tiroal]], as premier betitele wurde, al sprekt men dêr foar de lieder fan it federale regear net fan minister-presidint, mar fan [[bûnskânselier]].
 
Krekt oarsom is it yn [[Belgje]], dêr't de lieders fan 'e [[gewest (Belgje)|gewesten]] en de [[mienskip (Belgje)|mienskippen]] foar minister-presidint trochgeane en de lieder fan it federale regear foar premier. Yn [[Frankryk]] leit it spul wer oars. Dêr wurdt de term 'premier' (''premier'') brûkt foar it haad fan it nasjonale regear as der sprake is fan [[kohabitaasje]], dat wol sizze, as de regearingslieder fan in oare [[politike partij]] is as de [[presidint]]. Wurde dy beide posten beklaaid troch lju fan deselde politike kleur, dan sprekt men foar de regearingslieder fan 'earste minister' (''premier ministre'').