Earste minister: ferskil tusken ferzjes

Wikimedia-betsjuttingsside
Content deleted Content added
nije side
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 18 mai 2016 om 21.35

In earste minister is in funksje-oantsjutting foar in regearingslieder dy't gjin steatshaad is. Yn 'e measte lannen, wêrûnder Nederlân, wurdt dizze term as in argaysk synonym beskôge fan 'premier' en 'minister-presidint', mar yn guon lannen kinne dy termen hiel ferskillende funksjes oantsjutte. Kanada en Austraalje is it bygelyks wizânsje om 'e regearingslieders fan 'e ûnderskate provinsjes (Kanada) en steaten (Austraalje) as 'premier' (premier) te betiteljen, wylst de lieder fan it federale regear in minister-presidint (prime minister) is.

Yn Belgje is it krekt oarsom; dêr geane de lieders fan 'e gewesten en de mienskippen foar minister-presidint troch, wylst de lieder fan it federale regear in premier is. Yn it Feriene Keninkryk is de lieder fan it nasjonale regear in minister-presidint (prime minister), wylst de lieders fan 'e autonome regearings fan Skotlân en Wales foar earste minister (first minister) oanmurken wurde. Yn Denemark, Noarwegen en Sweden drage de regearingslieders de titel statsminister ("steatsminister"), wat noch it tichtst yn 'e buert komt fan 'earste minister'.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.