Wopke Eekhoffpriis: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 1:
De '''Wopke Eekhoffpriis''' is in Fryske priis foar bydragen oan histoarysk ûndersyk yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. Dizze priis is neamd nei de earste stedsargivaris fan Ljouwert (en Nederlân) [[Wopke Eekhoff]] en is bestimd foar de bêste bydrage oan de skiednis fan de gemeente Ljouwert, skreaun of publisearre yn de foarôfgeande fjouwer jier. De priis bestiet út in oarkunde en in bedrach fan € 2275,-- (eartiids: 5000 gûne).
 
De priis wurdt sûnt [[1992]] ien kear yn de fjouwer jier útrikt en is bestimd foar bydragen oan histoarysk ûndersyk yn Ljouwert. Yn de sjuery sitte foaroansteande histoarisy as bygelyks Hans Mol fan de [[Fryske Akademy]] en Mineke Bosch en Maarten Duijvendak fan de Ryks Universiteit Grins.