Steatssekretaris: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L - tikflater
Rigel 1:
In '''steatssekretaris''' of '''steatssiktaris''', of ek wol in '''ûnderminister''', is in soarte fan plakferfangend [[minister]]. Yn guon [[lân|lannen]], lykas [[Nederlân]], [[Belgje]] en [[Frankryk]] (''secrétaire d'État'') hat suver elts [[ministearje]] wol ien of mear steatssekretarissen, en meitsje sokke funksjonarissen diel út fan it [[kabinet]]. OarstaligeOarstallige termen dy't op it earste gesicht dúdlik itselde lykje, lykas it [[Ingelsk]]e ''Secretary of State'' of it [[Dútsk]]e ''Staatssekretär'', hawwe faak in oare betsjutting.
 
Yn it [[Feriene Keninkryk]] is ''Secretary of State'' in [[synonym]] foar 'minister'. Yn 'e [[Feriene Steaten]] wurdt dêrmei spesifyk de minister fan Bûtenlânske Saken oanjûn. By de [[Hillige Stoel]] draacht de heechste bestjoerder ûnder de [[paus]] dizze titel. Yn [[Dútslân]] wie ''Staatssekretär'' oant [[1919]] de titel fan 'e lieder fan in ministearje (''Reichsamt''). Sûnt wurdt der in soarte fan ûnderminister mei oanjûn, dy't lykwols oars as yn [[Nederlân]] net ta it kabinet heart. Sûnt [[1969]] wurdt der boppedat ûnderskie makke tusken 'gewoane' steatssekretarissen en ''Parlamentarische Staatssekretäre'', wêrby't de leden fan dy lêste kategory lid wêze moatte fan it [[parlemint]]. Fierders wurdt deselde titel yn Dútslân betiizjend genôch ek wol brûkt foar beskaat [[amtner|topamtners]].